Posthûs Teater

Ut Wikipedy
Posthûs Teater

It Posthûs Teater is in teater op It Hearrenfean.

It gebou is út 1885 en wie lange tiid herberch It Posthûs. Lichtwol waard de herberch "Het Posthuys" al boud by it ûntstean fan It Hearrenfean yn 1551. Twahûndert jier dêrnei is it yn elk gefal al in lukratyf gebou. Yn in publikaasje út 1754 wurdt op de “herberg het Posthuys” in bod dien fan “3300 Goudgûnen en 15 stuorren”. Sûnt 1810 stiet de herberch al bekend as it “Alde Posthûs”.

It “Nije Posthûs” sa 't wy dat no kenne, is fan 1885. Yn de jierren foar 1885 is sprake fan it “Alde Posthûs”. It âlde Posthûs wie al “uitmuntend ingericht met een ruime Gelagkamer, groote en kleine Zaal, Tooneel met Zit- en Kleedkamers, Woonkamer en Keuken, groote Sociëteits- en Biljartzaal, Stalling en Bergplaatsen”. Yn de jierren tweintich en tritich fan de 20e iuw waarden yn It Posthûs net allinnich toanielfoarstellings jûn, it gebou waard ek brûkt foar ferheftige en drokke gearkomsten, lykas de gearkomsten fan de trije gemeenten Aenjewier, Skoatterlân en Haskerlân, om te kommen ta de nije gemeente It Hearrenfean.

Yn 1966 is it Posthûs oankocht troch de gemeente It Hearrenfean en waard it in ‘mienskipshûs". It Posthûs Teater waard weriepene op 1 oktober 1983 troch Hans Wiegel, Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân. Der wie die in teaterseal byboud. Yn totaal binne der in lytse 400 sitplakken. Efter oan de bûtenkant wie der in metershege toanieltoer komd.

Yn 2005 wie der in ferbouwing en waard it neistlizzende pân (Achter de Kerk 2) oan it teater tafoege. Hjir kaam ek de nije yngong.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]