Springe nei ynhâld

Polyp (swolm)

Ut Wikipedy
Polyp, ø 1 sm. yn de dikke term

In polyp is in swolm (tumor) mei in bepaalde foarm, nammentlik dikker oan de útein as oan de basis ('stâle'). De measte polipen binne goedaardich hoewol't malynje ûntaarding by guon foarmen (sa as blaas- en dikke-termpolipen) wolris foarkomme. Polipen sitte meastentiids yn de holte fan in orgaan. Polipen komme foar yn ûnder mear it maachtermkanaal, de noas- en de noasbyholten, de halsknoarre, yn de liifmoer en op de liifmoermûle.

  • Noaspoliep: troch in lokale (groanysk) allergyske ûntstekking swolt it slymflues pleatslik op, en foarmet it úteinlik in slymfluessekje. Dit sekje folt de holte yn kwestje. De polyp kin behannele wurde troch medikaaasje (kortikosteroïden, bygelyks yn noassprays as fluticason (Flixonase) en mometason (Nasonex) of tabletten Prednison) of kin operatyf weihelle wurde.
  • Stimbânpolyp: troch ferkeard stimgebrûk, oerbelêsting of ûntstekking ûntstiet skea oan it slymflues fan de stimbân. Smoken is in ko-faktor by it ûntstean fan de stimbânpolyp. Op it skansearre plak skuort it slymflues hieltiten fierder út by brûken fan de stim en ûntstiet in fochtopheaping te fergelykjen mei in blier. As dizze blier der langere tiid sit, ferbynweefselt dizze. Dizze ferbynweefseling kombinearre mei fochtopheaping wurdt polyp neamd. Sa'n polyp op de stimbân kin in lyts stâltsje hawwe (pedunkel), mar ek wol in brede basis (sessyl).