Polist
Appearance
De Polist (Russysk: Поли́сть) is in sydrivier fan de Lovat yn 'e Russyske oblasten Pskov en Novgorod.
De boarne fan de Polist leit yn de 31,6 km² grutte Polistomar yn de oblast Pskov. Dêrwei streamt de dan 10-20 meter brede rivier troch heechfean yn noard-noardeastlike rjochting troch de rajons Poddorje en Staraja Rûssa yn it súdwêst fan de oblast Novgorod. Yn de stêd Staraja Rûssa streamt de Porûsja yn de Polist en lang om let mûnet de dan 30 oant 40 meter brede Polist yn de Lovat, dy't nei 15 kilometer yn de Ilmenmar útmûnet.
De Polist is 176 kilometer lang en ûntwetteret in gebiet fan 3.630 km². Tusken ein novimber en healwei april is de rivier beferzen. Oant Staraja Rûssa is skipferkear mooglik.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Polist fan Wikimedia Commons. |