Pokrovsky Kleaster (Charkov)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Kleaster fan de Foarbea

Покровський чоловічий монастир / Покровский монастырь

Покровський монастир.jpg
lokaasje
lân Flag of Ukraine.svg Oekraïne
oblast Flag of Kharkiv Oblast.svg Charkov
plak Kharkiv-town-flag.svg Charkov
adres Университетская, 8 (Universitetskaja 8)
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 17e iuw-19e iuw
boustyl Oekraynske barok (katedraal)
webside Side fan it kleaster

It Pokrovsky Kleaster (Oekraynsk: Покровський чоловічий монастир, Russysk: Покровский монастырь) of it Kleaster fan de Foarbea is in otterdoksk kleaster yn it histoaryske sintrum fan de stêd Charkov yn de Oekraïne. De katedraal fan it kleaster is it âldste gebou fan de stêd en waard yn 1654 boud.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard by it eardere houten fort fan Charkov stifte yn 1726 troch Epifanius, biskop fan Belgorod. It fort foarme diel fan it systeem fan fêstings dat Súd-Ruslân beskermje moast tsjin de ynfallen fan de Krim-Tataren. De stifting fan it kleaster hold ferbân mei de ferhûzing fan it biskoplik collegium fan Belgorod nei Charkov, in ynstelling foar heger ûnderwiis dat oant 1817 bestie. In diel fan de muontsen joegen ûnderwiis yn it collegium, wylst de oaren wurken op it lân of yn de mûnen en oare bedriuwsgebouwen.

It kleaster waard ferneamd nei de Foarbeatsjerke, de eardere parochytsjerke dy't al yn 1689 boud waard oan de noardlike kant fan it fort en mei in synodaal dekreet fan 1729 oan it kleaster ferbûn waard. Yn 1896 waard in nije, tolvekoepelige tsjerke ynwijd ta eare fan it Ozerjanska-ikoan fan de Mem Gods. Arsjitekt fan de foar otterdokske tsjerken seldsume yn de boustyl fan in basilyk boude tsjerke wie Vladimir Christianovitsj Nemkin. It orizjinele ikoan, dat as mirakuleus fereare waard, is yn de Sovjet-tiid ferlern gien.

Yn 1920 waard it Pokrovskykleaster lykas alle kleasters fan it bisdom troch de bolsjewiken sletten en plondere. De gebouwen krigen ferskate funksjes, mar binne yn 1992 werom jûn oan de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Moskou). It restauraasje- en rekonstruksjeproses nei de weromjefte waard yn 2003 foltôge.

Foarbeakatedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarbeakatedraal

De Foarbeakatedraal fertsjintwurdiget de Oekraynske barok en stiet op it plak fan in houten foargonger út 1659. Unbekend is wa't de arsjitekt fan de katedraal west hat, mar de ynwijing fûn yn 1689 plak troch de metropolyt Abraham. Fan 1799-1846 wie de katedraal fan it kleaster ek de katedraal fan Charkov.

De struktuer fan de katedraal fynt syn oarsprong yn de houten, trijedielige tsjerken fan it lân. It gebou is te ferdielen yn in winter- (ûnder) en in simmertsjerke (boppe), dy't bekroand wurdt mei trije tuorren. De hichte fan de sintrale toer is 45 meter.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: