Poepekrús
Appearance
In poepekrús is in krús dat yn de barm fan 'e dyk útgroeven is. Earder by û.m. Jistrum, Hurdegaryp en Bakkefean, dêr't earder neffens oerlevering in 'poep' fermoarde wêze soe.
It poepekrús oan de Harstewei by Jistrum is yn de 20e iuw noch lang ûnderhâlden. Oan de Simmerdyk tusken Hurdegaryp en Burgum, njonken pleats nûmer 40, is it Poepekrús mei in tinkstien yn de foarm fan in metalen krús sichtber makke.
It Swartkrús
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme It Swartkrús wurdt ek wol oan in poepekrús taskreaun, mar de iennige sêge - út dy kontreien - dy’t earst yn 1968 troch Dam Jaarsma opskreaun waard, wol hawwe dat it om in soldategrêf giet. Dy sêge wurdt yn de wiky It Swartkrús ferteld.
-
Poepekrús oan de Harstewei by Jistrum (mei in ûnbekende frou)
-
It poepekrús oan de Simmerwei ûnder Burgum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|