Springe nei ynhâld

Podolsk

Ut Wikipedy
Podolsk
FlaggeWapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Moskou
Sifers
Ynwennertal309.652 (2022)
Oerflak40,39 km²
Befolkingstichtens7.666,55 ynw./km²
Hichte160 m
Oar
Stifting1627, stedstatus 1781
Tiidsône(UTC+3)
Koördinaten55° 25' N 37° 32' E
WebsideSide stêd

Podolsk (Russysk: Подольск) is in Russyske yndustrystêd yn it bestjoerlik sintrum fan it rajon Podolsk yn de oblast Moskou. De stêd leit oan de rivier de Pachra en is de grutste stêd yn de oblast Moskou.

De stêd ûntjoech him út it doarp Podol, dat yn de 18e iuw oan het Danilovkleaster yn Moskou hearde. Podolsk krige stedsrjochten yn 1791 fan Katarina de Grutte. Foar de Russyske Revolúsje hearde Podolsk ta de meast yndustrialisearre stêden fan Ruslân. De stêd hie ûnder oaren in Singerfabryk, dêr't naaimasines makke waarden. Der wienen doe goed 70 fabriken yn de stêd.

De famylje Uljanov sloech dêr lang foar master op. Vladimir Lenin besocht de stêd in tal kearen en hie dêr in lyts bûten. Yn 1900 organisearre er in gearkomst yn Podolsk mei sosjaaldemokraten út Moskou en oare stêden om har stipe te winnen foar syn krante Iskra.

Yn 2000 waard in wichtige militêre basis opset yn Podolsk.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Ynwennertal[1]
18973.800
192619.700
193972.000
1956113.000
1967163.000
1976194.000
1982206.000
1989209.200
1996199.700
2000194.300
2010206.000
2016293.765"*
2005309.652
  • Nei in weryndieling yn 2015 naam de stêd wat ynwennertal oanbelanget foars ta.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. mojgorod.ru