Poète maudit

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Poètes maudits: Paul Verlaine (fierst links) en Arthur Rimbaud (2e fan links), 1872, troch Henri Fantin-Latour.

In poète maudit ('ferdomde dichter') is de beneaming foar in miskende of maatskiplik net oanpaste dichter. De dichter wurdt sjoen as in ferskoppeling dy't net thúsheart yn de mienskip.

Les poètes maudits wie oarspronklik de titel fan in yn 1884 ferskynde karlêzing fan Paul Verlaine mei ûnder oaren wurk fan Charles Baudelaire, Arthur Rimbaud, Comte de Lautréamont, Tristan Corbière, Gérard de Nerval en Stéphane Mallarmé. Rillegau presintearren dy, en in hiele generaasje dichters nei harren, harren as 'ferdomde dichters' en waard it benei in soarte fan literêre streaming. As prototypes jilden: François Villon, Oscar Wilde en Edgar Allan Poe.

Tema’s dy't in soad foarkamen yn it wurk fan de 'poètes maudits' wiene in wize fan libjen mei drank- en drugsgebrûk, misdied, sûndich libje, sykte, dekadinsje, perversys, satanisme en te betiid ferstjerren (de wiere 'poète maudit' jaget himsels yn de grûn). Der wie ek in dúdlike besibbenens oan it symbolisme, fral ek yn foarmeksperiminten as it proazagedich. In oar skaaimerk wie de twastriid tusken de frijheid fan de dichter en de easken fan de maatskippij, dat de ûndergong fan in protte dichters betsjutte.

De term 'poètes maudits' bleau net beheind ta Frânske skriuwers en dichters, mar waard ek yn it bûtenlân oernaam. Foarbylden fan dizze dichters yn de Nederlânske literatuer binne Willem Kloos en J. Slauerhoff en letter Jotie T'Hooft yn Flaanderen. Faak waard de term ek kultivearre, bygelyks troch de Dadaïsten. Ek de Tsjechyske dichter Karel Hynek Mácha of de Poalske dichter Rafał Wojaczek, dy'himsels te koart die yn de âldens fan 25 jier, kinne ta de 'streaming'rekkene wurde. Op it mêd fan film hat Jean-Luc Godard oer Alfred Hitchcock sein: "Hy wie de iennichste poète maudit dy't enoarm súkses hân hat."

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer en boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]