Springe nei ynhâld

Plysjesearje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Plysjerige)

In plysjesearje is in tillefyzjesearje dy't ta it mêd fan 'e dramasearjes heard en by it misdiesjenre ûnderbrocht wurde kin. Nau besibbe subsjenres binne de misdiesearje en de detektivesearje. Sa'n searje bestiet út fiktive detektiveferhalen, wêrby't de haadrolspilers ien of mear leden fan in plysjetsjinst binne. Dêrby kin it gean om ien plysjeman, twa resjersjeurs dy't in fêst pear foarmje, of in hiel team. De ôfleverings steane meastal op harsels en duorje by Nederlânske, Dútske en Amerikaanske searjes ornaris likernôch trije kertier oant fyftich minuten (reklameblokken net meirekkene). Britske en Skandinavyske plysjesearjes hawwe gauris ôfleverings dy't fan spylfilmlingte binne (likernôch oardel oere), en dy't ek wol foar tillefyzjefilms trochgean kinne.

Inkeld is it sa dat der in trochrinnend detektiveferhaal spilet (dan giet it meastal om minysearjes), mar oer it algemien krije de haadpersoanen yn eltse ôflevering in oare misdie foarset dy't se oplosse moatte. Faak giet it dêrby om in moard, mar it kin ek gean om in ûntfiering, in ferkrêfting, in ferdwining, in bankberôving, ensfh. Guon searjes kinne, benammen as der in hiel plysjeteam folge wurdt, ek mear as ien misdie per kear behannelje. Behalven oan 'e op te lossen misdie(den) besteegje plysjesearjes faak ek in beskate oandacht oan it priveelibben fan 'e plysjeminsken.

De ferhalen út plysjesearjes kinne ferskillende soarten plotopbou hawwe. By in (tradisjonele) whodunit wurdt de identiteit fan 'e dieder(s) oan de ein fan 'e ôflevering ta geheim holden, en kinne de sjoggers geandewei it ferhaal eigen teoryen betinke oer wa't "it" dien hat. Sokke ferhalen bouwe stadich ta nei in narrative klimaks. Mar it is ek mooglik dat de identiteit fan 'e dieder(s) al fan it begjin ôf oan by de sjoggers bekend is, en dat de spanning yn it ferhaal holden wurdt troch de fraach hoe't de plysje úteinlik efter de wierheid komme en de dieder(s) pakke sil. Dat soarte plot wurdt in omkeard detektiveferhaal neamd, of hiel inkeld ek wol in howcatchem. Dútske Krimi's hawwe faak dit soarte fan plotopbou.

Foarbylden fan bekende plysjesearjes binne:


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.