Plopsa Indoor Coevorden
Plopsa Indoor Coevorden | ||
ferdivedaasjepark | ||
Yngong Plopsa Indoor Coevorden | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Drinte | |
Gemeente | Coevorden | |
plak | Dalen | |
adres | Reindersdijk | |
koördinaten | 53° 40' NB, 6° 46' EL | |
bysûnderheden | ||
type | Yndoar Attraksjepark | |
tema | Studio 100 | |
eigner | Plopsa, (Studio 100) | |
iepen | 2010 | |
oerflak | 15.000 m² Oerdekt: 10.000m² / Bûten: 5.000m² | |
attraksjes | 26 | |
achtbanen | 1 | |
wetterattr. | 3 | |
skiednis | ||
iepening | 29 april 2010 | |
gebou | ||
arsjitekt | Architectenassociatie Angst & D’Hoore Antwerpen | |
boujier | 2010 | |
Oannimmer | Friso Bouwgroep Snits | |
Oannimmer | Friso Bouwgroep Snits | |
offisjele webside | ||
webstee Plopsa Indoor Coevorden | ||
kaart | ||
Plopsa Indoor Coevorden is in yndoar attraksjepark yn Dalen yn de Drintske gemeente Coevorden. De ferskate attraksjes binne tematisearre nei Studio 100-personaazjes lykas Samson & Gert, Kabouter Plop, K3, Mega Mindy, Bumba, Bobo en Wickie de Viking.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de suksessen fan Plopsa yn Belgje, woe de studio 100 útwreidzje nei Nederlân. Meardere lokaasjes yn Nederlân waarden ûndersocht en úteinlik wiene der twa lokaasjes dy 't de measte potinsje hiene. De earste wie de gemeente Coevorden, de twadde wie yn Rotterdam. Yn 2007 waard bekend makke dat der foar Coevorden keazen wie mei in plande iepening yn 2008, lykwols wiene der meardere beswieren yntsjinne wêrtroch't de bou fertraging oprûn.
Yn tsjinstelling ta "Speelstad Oranje", dat festige wie yn in earder fabryk, waard der foar "Plopsa Indoor Coevorden" in nij pân boud njonken bungalowpark "Huttenheugte". Yn 2009 koe de bou úteinsette en waard it park op 29 april 2010 iepene. It park is boud om de bekende Studio 100-figueren hinne. Foar elke telefyzje-karakter is in eigen sône ynrjochte. Binnen dy sônes kinne bern fan sa'n fjouwer oant alve jier boartsje. Yn it park binne ûnder oare ien teäter, in draaimûne, hoareka, winkels en oare attraksjes te finen. It park kin maksimaal 3.500 besikers tagelyk ûntfange en is in kopy fan it Belgyske Plopsapark yn Hasselt.[1][2]
Yn 2013 waard it park útwreide mei in bûtengebiet mei ferskate attraksjes. De attraksjes lizze bûten oan it Kening Willem-Alexander plein, dit plein waard op Keningsdei iepene troch K3.[3] Yn 2016 waard der in bernebuorkerij, mei in Heidi tema, iepene yn it bûtengebiet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|