Springe nei ynhâld

Plopsa Indoor Coevorden

Ut Wikipedy
Plopsa Indoor Coevorden
  ferdivedaasjepark
Yngong Plopsa Indoor Coevorden
Yngong Plopsa Indoor Coevorden
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Coevorden
plakDalen
adresReindersdijk
koördinaten53° 40' NB, 6° 46' EL
bysûnderheden
typeYndoar Attraksjepark
temaStudio 100
eignerPlopsa,
(Studio 100)
iepen2010
oerflak15.000 m²
Oerdekt: 10.000m² / Bûten: 5.000m²
attraksjes26
achtbanen1
wetterattr.3
skiednis
iepening29 april 2010
gebou
arsjitektArchitectenassociatie Angst & D’Hoore Antwerpen
boujier2010
OannimmerFriso Bouwgroep Snits
OannimmerFriso Bouwgroep Snits
offisjele webside
webstee Plopsa Indoor Coevorden
kaart
Plopsa Indoor Coevorden (Drinte)
Plopsa Indoor Coevorden
Lokaasje fan Plopsa Indoor Coevorden.

Plopsa Indoor Coevorden is in yndoar attraksjepark yn Dalen yn de Drintske gemeente Coevorden. De ferskate attraksjes binne tematisearre nei Studio 100-personaazjes lykas Samson & Gert, Kabouter Plop, K3, Mega Mindy, Bumba, Bobo en Wickie de Viking.

Nei de suksessen fan Plopsa yn Belgje, woe de studio 100 útwreidzje nei Nederlân. Meardere lokaasjes yn Nederlân waarden ûndersocht en úteinlik wiene der twa lokaasjes dy 't de measte potinsje hiene. De earste wie de gemeente Coevorden, de twadde wie yn Rotterdam. Yn 2007 waard bekend makke dat der foar Coevorden keazen wie mei in plande iepening yn 2008, lykwols wiene der meardere beswieren yntsjinne wêrtroch't de bou fertraging oprûn.

Yn tsjinstelling ta "Speelstad Oranje", dat festige wie yn in earder fabryk, waard der foar "Plopsa Indoor Coevorden" in nij pân boud njonken bungalowpark "Huttenheugte". Yn 2009 koe de bou úteinsette en waard it park op 29 april 2010 iepene. It park is boud om de bekende Studio 100-figueren hinne. Foar elke telefyzje-karakter is in eigen sône ynrjochte. Binnen dy sônes kinne bern fan sa'n fjouwer oant alve jier boartsje. Yn it park binne ûnder oare ien teäter, in draaimûne, hoareka, winkels en oare attraksjes te finen. It park kin maksimaal 3.500 besikers tagelyk ûntfange en is in kopy fan it Belgyske Plopsapark yn Hasselt.[1][2]

Yn 2013 waard it park útwreide mei in bûtengebiet mei ferskate attraksjes. De attraksjes lizze bûten oan it Kening Willem-Alexander plein, dit plein waard op Keningsdei iepene troch K3.[3] Yn 2016 waard der in bernebuorkerij, mei in Heidi tema, iepene yn it bûtengebiet.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
Ferdivedaasjeparken yn Nederlân
Fryslân
Duinen Zathe · Kameleondoarp · Sânjes Safary · Sybrandy's Boarterspark
Nederlân
Attractiepark Slagharen · Avonturenpark Hellendoorn · Bommelwereld · BillyBird Park Drakenrijk · BillyBird Park Hemelrijk · Drouwenerzand · Drievliet · Dinoland · DippieDoe · De Waarbeek · Duinrell · Efteling · Het Land van Jan Klaassen · Julianatoren · Kabouterland · Kinderstad Heerlen · Linnaeushof · Madurodam · Mini Mundi · Neeltje Jans · Nienoard · Oud Valkeveen · Park Tivoli · Plopsa Indoor · Rijk der kabouters · Speelland · Speelpark Hoge Boekel · Sprookjeshof · Sprookjesbos Valkenburg · Sprookjeswonderland · Toverland · Walibi Holland · Wonderwereld
Eardere ferdivedaasjeparken
Aeolus · Archeon · Ecodrome · De Valkenier · De Vluchtheuvel · Flevohof · Het Land van Ooit · Miniatuerpark Appelskea · Miniatuur Walcheren · Speelstad Oranje · Verkeerspark Assen · Yumble
· · Berjocht bewurkje