Springe nei ynhâld

Herbivoar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Plante-iter)

In herbivoar of plante-iter is in organisme dat plantaardich materiaal brûkt om him mei te fieden. De term komt út it Latyn, fan herba ("plant") en -vorus ("iter"). Herbivoaren kinne fierder opdield wurde yn spesjalisten dy't inkeld blêden iten (de folivoaren) en dy't allinne mar fruchten ite (de frugivoaren). As it menu struktureel oanfolle wurdt mei dierlik materiaal, dan sprekt men fan in omnivoar of allesiter. Oan 'e oare kant fan it spektrum stiet de karnivoar, dy't inkeld dierlik materiaal yt. Al sokke organismen hjitte heterotroof te wêzen; se hawwe oare organismen nedich om har mei te fieden. Planten, dy't inkeld anorganysk materiaal brek binne, wurde autotroof neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.