Springe nei ynhâld

Plano (Teksas)

Ut Wikipedy
Plano
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Teksas
CountyCollin County en Denton County
BoargemasterPhil Dyer
Sifers
Ynwennertal259.841 (2010)
Oerflak185,4 km²
Befolkingsticht.1.401 / km²
Stêdekloft6.426.214 (DFW Metroplex)
Hichte203 m
Oar
Stifting1848
Postkoade75023–75094
TiidsôneUTC-6
SimmertiidUTC-5
Offisjele webside
Webstee Plano
Wettertoer yn Plano

Plano is ien fan de noardlike foarstêden fan Dallas, de trêde stêd fan de Amerikaanske steat Teksas. Plano leit foar it grutste part yn Collin County; in lyts stik leit yn Denton County. Plano leit yn de Dallas-Fort Worth Metroplex, de metropoal fan Dallas en Fort Worth.

Plano is de 78e stêd fan de Feriene Steaten (2000) en de njoggende neffens grutte fan Teksas. Fan de befolking is 4,9 % âlder as 65 jier en bestiet foar 20,2 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens is 1,7 % (sifers folkstelling 2000).

Sa'n 10,1 % fan de befolking fan Plano binne hispanics en latino's, 5 % is fan Afrikaansk komôf en 10,2 % fan Aziatyske oarsprong.

It ynwennertal gie omheech fan 222.030 yn 2000 nei 259.841 yn 2010.

Jannewaris hat in trochstrings temperatuer fan 6,3 °C, yn july is dat 29,6 °C. Der falt trochsneed 856,0 mm delslach yn it jier (mjitperioade 1961-1990).

Haadkertier fan Rent-A-Center

Tal fan bedriuwen hawwe harren haadkantoar yn Plano: Ericsson, Rent-A-Center, Crossmark, Dell Services, HP Enterprise Services, JCPenney, Frito-Lay, Cinemark Theatres, Dr Pepper Snapple Group, Siemens PLM Software, Gearbox Software en oaren.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: