Plaknammeferske
Appearance
Plaknammeferskes wienen populêre rymkes dêryn't streek, doarp of stêd yn karakterisearre wurde. Ald binne dy op de kertieren: Eastergoa it lân, Westergoa it jild, De Wâlden it ferstân, de stêden it geweld. Meastentiids binne se Frysk en sit der folkshumor yn: Skingen, ien klok, sân huzen en in bargehok. Ek besteane der guonts dy't in rige doarpen behannelje, bygelyks dy fan Achtkarspelen.
Oan de plaknammeferskes besibbe binne de rymkes op doarps- en gemeentewapens. Sa stiet op in 16e iuwske drinkhoarn yn it Frysk Museum: Folle koppen met fette soppen ende een hoorn op den hant dat is het wapen van westfrislant
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|