Springe nei ynhâld

Pitertsjerke (Iemnes)

Ut Wikipedy
Tsjerke Eemnes-Bûten,
op de eftergrûn de Eemnesser Polder
Ynterieur Pitertsjerke

De Pitertsjerke stiet oan de Wakkerendijk yn Eemnes-Binnen yn de provinsje Utert. De tsjerke wurdt yn de folksmûle it 'It Dikke Tuorke' neamd. Nei 2004 waarden de herfoarme tsjinsten yn de Grutte of Sint-Nikolaastsjerke yn Eemnes hâlden en waard it tsjerkje ferhierd.

It iuwenâlde godshûs wie foar de Reformaasje in roomsk-katolike tsjerke en stie doe op in dykje omdat de Sudersee de Eemnesser polder geregeldwei splis sette. De tsjerke waard boud yn 1439, nei de ôfskieding fan Eembrugge dêr't Binnendyk earder ûnder foel. It let-goatyske bakstienen tsjerkje hat in ienbeukich skip en in houten tonferwulf. It hat in wat smeller djip koar oan de eastside en in lytse toer oan de westside, dêr't in koerbôge-foarmige yngong yn sit. Binnenyn stiet it stuolte fan de Ambachtshear fan Eemnes. Dy hie fan 1714 oant yn de 20e iuw it rjocht ta oanstelling.

Yn de 19e iuw wie it gebou yn minne steat. Yn 1883 waard der mei finansjele help fan de destiidske Ambachtshear in soad restaurearre, mar net genôch. Doe't om 1900 Keninginne-mem Emma hjir tsjerkje woe, en dêr ek in famyljebank hawwe woe, joech se in wink dat se de restauraasje (anonym) bekostigje woe.

Yn 1921 wie der in grutte brân neist de tsjerke dy't oersloch, en it ynterieur fan de tsjerke finaal ferwoaste. Allinnich de muorren bleaune stean. In jier letter waard de werstelde tsjerke ynwijd yn oanwêzichheid fan ûnder oare keninginne-mem Emma en de Ambachtshear Jhr. van Citters.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • grêfstien mei spreuk oer de "spoelconst", heech yn it toerporteal.
  • it (bûten gebrûk ) oerwurk yn de toer, rom 300 jier âld en tige seldsum. De wizerplaat mei ien wizer wurdt tsjintwurdich elektrysk oandreaun.
  • Twa liedklokken út 1637. Jitter wie Everhardus Splinter út Inkhuzen.
  • it toerhoantsje is fan 1727.
  • Yn it skip fan de tsjerke de grêfstien fan "Cornelis Adriaensen Burgemeister" en oaren
  • De banken fan keninginne Emma en har gefolch, mei dêrop de Steatebibels fan Soestdyk.
  • Op de kânsel in Steatebibel út 1845, skonken troch J.L. van Tets-Huydecoper van Maarsseveen. Ek it sulveren Jûnsmielstel waard troch har oan de tsjerke skonken.
  • Fraaie koperen lêzener yn de foarm fan in earn op de kânsel.

Yn de konsistoarjekeamer:

  • Bibels út de earste helte fan de 20e iuw.
  • In mei izeren bannen besleine jildkiste mei "geheim" slot.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: