Springe nei ynhâld

Piter Lycklama à Nijeholt

Ut Wikipedy
P. Lycklama à Nijeholt

Piter Lycklama à Nijeholt (Boalsert, 25 augustus 1842Swol, 15 juny 1913) is in ôfstammeling fan de famylje Lycklama à Nijeholt. Syn heit wie arts en lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy troude op 16 novimber 1866 mei Catharina Elisabeth Margaretha de Kok. Piter wie ûnder oare marine-offisier en boargemaster fan ferskate gemeenten.

Hy studearre oan it Keninklik Ynstitút foar de Marine yn Den Helder, dêrnei wurke hy yn ferskate iepenbiere funksjes. Fan 1 july 1863 oant 1 oktober 1867 wie hy marine-offisier. Dêrnei wie boargemaster fan Frjentsjer fan 20 febrewaris 1868 oant 15 oktober 1882, fan Ljouwerteradiel fan 15 oktober 1882 oant 1 novimber 1883, fan Ljouwert fan 1 novimber 1883 oant 1 desimber 1891 en fan Rotterdam fan 1 desimber 1891 oant 1 desimber 1893. Nei syn perioade as boargemaster fan Rotterdam waard hy Kommissaris fan de Keninginne yn Oerisel fan 1 desimber 1893 oant 1 augustus 1909.

Lycklama à Nijeholt waard Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]