Pir
Pir | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
bestean | 1992 – 1999 | |
âld-leden | Ben Meijering gitaar Rob Meijering bas | |
leden | ||
Sang & Gitaar |
Bart Dykstra | |
Sang & Gitaar |
Leo van der Veen | |
Bas | Jan-Karst Nauta | |
Drums | Jelle van der Beek Klaas-Harm Dykstra |
Pir wie in Fryske Rockband oprjochte yn Bûtenpost en wie aktyf tusken 1992 en 1999.
De oarspronklike bandleden wiene:
- Bart Dykstra: sang, gitaar, didgeridoo
- Leo van der Veen: sang, gitaar.
- Ben Meijering: gitaar
- Rob Meijering: basgitaar
- Jelle van der Beek: drums, djembé, doundoun, konga's.
Yn 1994 hawwe de bruorren Ben en Rob Meijering de groep ferlitten en Porcupine oprjochte. Jan-Karst Nauta is doe by de groep kaam op 'e basgitaar.
Fan 1998 ôf die Klaas-Harm Dykstra mei by optredens as ekstra slagwurker. Yn dy tiid spilen Jan-Karst Nauta en Leo van der Veen ek noch yn Walpurgis. Yn 1999 brocht de groep sels de ceedee Tamilian Artefact út. Hoewol de konserten fan de groep populêr wienen, en de groep dêr sels prizen mei wûn hat, wie de ceedee gjin suskes. De groep is itselde jier noch ophâlden fan bestean. Leo, Bart en Klaes Harm binne fierder gien mei de groep Lotuseater; Jelle is fierder gongen yn de groep Scrotum.