Pinsk
Pinsk
Пінск / Пинск | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Wyt-Ruslân | |
oblast | Brest | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 124.613 (2023) | |
Oerflak | 51,48 km2 km² | |
Befolkingsticht. | 2.420 ynw./km² | |
Hichte | 141 m | |
Oar | ||
Stifting | 1097 (foar it earst neamd) | |
Tiidsône | UTC +3 | |
Koördinaten | 52° 7' NB, 26° 6' EL | |
Offisjele webside | ||
Hiemside Pinsk | ||
Kaart | ||
Pinsk (Wyt-Russysk: Пінск; Russysk: Пинск; Poalsk: Pińsk) is in stêd yn Wyt-Ruslân súdwest fan Minsk yn 'e histoaryske krite Poleezje. De stêd leit oan 'e Pripjat tusken de Pripjatsompen. Bestjoerlike falt Pinsk yn 'e oblast Brest. Pinsk is de haadstêd fan it rajon meideselde namme.
Pinks hat 124.613 ynwenners (2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pinsk waard yn 1097 foar it earst neamd en waard yn 1523 in keninklike stêd. Kening Stefanus Báthory joech Pinsk yn 1518 stedsrjochten.
Al sûnt 1396 hie Pinsk in katolike tsjerke en in Fransiskaansk kleaster. Tusken 1642 en 1646 wenne de hillige Andréas Bobola yn it jezuïtekleaster fan Pinsk om dêr te misjonearjen.
Yn 1648 wie der in opstân fan 'e befolking tsjin it Poalske bestjoer. Troepen fan 'e kozakkelieder Bohdan Chmelnytsky waarden frege om te helpen, mar moasten fan ruten spylje doe't de troepen fan Janusz Radziwiłł kamen om in ein oan 'e opstân te meitsjen. De opstân gie mank mei it fermoardzjen fan elts dy't net it otterdokse leauwe oanhong, de stêd waard yn brân stuten en ferlear likernôch in tredde oant de helte fan syn ynwenners. Mear oanfallen en slachtpartijen fûnen yn 1655, 1657 en 1660 yn 'e Poalsk-Russyske Oarloch plak.
Yn 1662 kamen de Jezuïten werom yn Pinsk en bouden dêr harren kleaster, folge troch in Dominikaansk kleaster yn 1666. Yn 1705 waard in Bernardynske katolike tsjerke stifte troch prins Michał Serwacy Wiśniowiecki en syn frou. In jier letter namen troepen fan de Sweedske kening Karel II de stêd yn, dy't it kastiel fan Michał Serwacy Wiśniowiecki opblaasden. Yn 1717 waard by de tsjerke ek in Berardynsk kleaster stifte.
Sûnt 1793 hearde de stêd by it Russyske Ryk. Frânske troepen besetten de stêd yn 1812, dy't plondere waard en foar in part ôfbaarnde. In rezjimint fan kolonel Zjachov fersloech in Frânsk rezjimint en wist kanonnen as trofee bút te meitsjen.
Yn 1910 hie Pinsk 36.409 ynwenners, wêrfan 26.626 joadsk wiene. Pinsk waard op 15 septimber 1915 yn 'e Earste Wrâldkriich beset fan Dútske troepen. Nei de Earste Wrâldoarloch fûn nei de oanrin fan 'e Poalsk-Russyske Oarloch op 5 april 1919 de moard op 35 joadske ynwenners plak troch it Poalske leger, om't de Poalske kommandant de joaden fertocht fan kollaboraasje mei de bolsjewiken.
Neffens it Ferdrach fan Riga waard it westen fan Wyt-Ruslân by Poalen yndield en sa waard Pinsk yn 1921 Poalsk. It sintrum fan 'e stêd waard op 7 septimber 1921 troffen troch in grutte brân, wêrby de measte gebouwen ferneatige waarden.
Op 20 septimber 1939 besette it Reade Leger de stêd. Pinsk waard ûnderdiel fan 'e Wyt-Russyske Sosjalistyske Sovjetrepublyk. Mei de Dútske ynfal op 22 juny 1941 yn 'e Sovjet-Uny waard Wyt-Ruslân al gau beset troch de nazy's. Op 4 july 1941 besetten de Dútsers Pinsk en de stêd waard ûnderdiel fan it Reichskommissariat Ukraine. Yn Wyt-Ruslân ûnstie de grutste partisanebeweging fan Europa.
Joaden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldkriich bestie yntusken 90% fan 'e Pinsker befolking út joaden. Mei de besetting fan 'e nazy's yn 1941 waard al gau in Joadske Ried ynsteld. Begjin augustus dat jier kaam it 2e SS-Kavalleryrezjimint ûnder kommando fan Franz Magill yn Pinsk oan. Tusken 5 en 9 augustus 1941 skeaten de manlju fan it rezjimint by Posenitsji, sa'n seis kilometer noardlik fan Pinsk, 9.000 joadske manlju dea. De noch libjende joaden, fral froulju en bern, waarden op 1 maaie 1942 nei it getto fan Pinsk dreaun, dêr't likernôch 20.000 minsken op de krapst mooglike romte libben.[1] It getto bestie mar in heal jier en op 29 oktober 1942 begûn de likwidaasje fan it getto en allinnich op dy dei waarden al sa'n 10.000 joaden fermoarde. Tusken 30 oktober en 1 novimber 1942 waard it getto alle dagen útkjimme en meiïnoar waarden der troch de oardeplysje ûnder lieding fan Helmut Saur 15.000 joaden byinoar dreaun, om se bûten de stêd Pinks dea te sjitten.
Op 14 july 1944 wie de befrijing fan Pinsk troch it Reade Leger, goed twa jier nei't hast alle bewenners fermoarde wiene.
Nei de oarloch waarden de yn 'e oarloch útbaarnde Sint-Stanislavtsjerke (1635-1648), de grutste- en jezuïtetsjerke fan 'e stêd, en de ek yn 'e oarloch swier skeinde Grutte Synagoge troch de Sovjet-autoriteiten opblaasd.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sint-Barbaratsjerke (otterdoks)
- Tsjerke fan 'e Opstanning fan Jezus Kristus (otterdoks)
- Sint-Theodoaruskatedraal (otterdoks)
- Karel Borromeo-tsjerke (roomsk)
- Jezuïtekolleezje
- Fransiskaansk kleaster mei de Marije-Himelfeartkatedraal (roomsk)
- It stedspark mei oantinkens út de tiid doe't der yn 'e Twadde Wrâldoarloch fochten waard en in oarlochsmonumint.
- It Kultuerpaleis mei dêrby in byld foar Lenin.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside en de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Pinsk en de:Pinsk
|