Pink
In pink (Latyn: digitus minimus) is by minsken de fyfde finger fan 'e hân, rekkene fan 'e tomme ôf. De pink grinzget oan 'e ringfinger, en hat krekt as de oare trije 'echte' fingers (mar oars as de tomme) trije keatsjes en twa gewrichten. Yn 'e genêskunde wurde fingers nûmere mei Romeinske sifers begjinnend by de tomme, en sadwaande wurdt pink dan oantsjut as digitus V (digitus quintus), ôfkoarte ta dig. V.
Yn in protte talen wurdt de pink de 'lytse finger' neamd. Sa is it bygelyks yn it Ingelsk (little finger), it Dútsk (kleiner Finger) en it Sweedsk (lillfinger). It Amerikaansk-Ingelske wurd pinky is in lienwurd op basis fan it Nederlânske pink. Yn beskate Eastjeropeeske lannen wurdt it opstekken fan 'e pink beskôge as in obseen gebeart, ferlykber mei it opstekken fan 'e mulfinger yn West-Jeropa.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|