Pieter fan Harinxma thoe Slooten

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Pieter fan Harixma thoe Slooten (doopt Ljouwert, 30 maart 1610 - 29 july 1669) wie de soan fan riedshear Ernst fan Harinxma en Tieth fan Botnia.

De bern fan Piter fan Harinxma thoe Slooten
Troch Wybrand de Geest[1]

Hy liet him 18 maaie 1628 as studint Filosofy en Matematika ynskriuwe oan de Hegeskoalle fan Leien. Yn 1635 wie hy as folmacht op de Lândei yn de tiid fan de twisten út dy dagen, en waard mei Joris Camp nei Grins stjoerd om oan it regear fan dat gewest yn namme fan de Steaten fan Fryslân in foarstel te dwaan. Op 10 july 1641 trede hy op as riedshear oan it Hof fan Fryslân, in amt dat er oant syn dea dwaan bliuwe soe. Wie yn 1648 troud mei Susanna fan Burmania, dy't him sân bern skonk.

Harren troch ûnbekende keunstners skildere portretten binne yn de famyljegalerij.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Charterboek van Friesland V, 370;
  • Naamrol der Raden 's Hofs van Friesland, 39, 44;
  • Schotanus, Beschrijvinge van Frieslandt, 232;
  • Stamboek van den Frieschen Adel I, 151, II, 94;
  • Frisia Nobilis, 122 vlg.;
  • J. Sickenga, Het Hof van Friesland gedurende de zeventiende eeuw (Leien 1869), 122;
  • H. Wenning yn Jaarboekje van den Frieschen adel (Ljouwert, 1885) III, 103.
  1. Portret fan de bern fan Pieter van Harinxma thoe Sloten, ôfmj. 164 x 209 sm, kanvas, Van Harinxma thoe Slooten Stichting, Beetstersweach yn Piet Bakker (2008) De Friese schilderkunst in de Gouden Eeuw