Springe nei ynhâld

Pieter de Valck

Ut Wikipedy
Portret fan Pieter de Valk rjochts-ûnder yn Houbraken's Schouburgh

Pieter Jacobs de Valck (Ljouwert, 1584 - dêre, 1625) wie in Frysk keunstskilder yn de Gouden Iuw.

De Valck waard berne yn Ljouwert en kaam dêr ek te ferstjerren. Neffens Houbraken wie er in soan fan in sulversmid en learde er it skilderjen fan Abraham Bloemaert (wol Johannes Hilarides fan Boalsert hawwe). Hy makke in stúdzjereis nei Italië sa't in soad keunstners doedestiids diene en nei't er weromkaam wie waard er in respektearre skilder oan it hof yn Ljouwert. Hy hie twa soannen dy't er ek it skilderjen learde en dy't ek nei Italië reizgen. Sy waarden lykwols yn Genua finzen naam en ferkocht as slaven op kust fan Barbarije (Noard-Afrika), om nea werom te kommen. Jacob de Valck gie fierder as hofskilder yn Ljouwert en waard bekend fan syn portretten, lânskippen en histoaryske allegoryen.

In oerpakesizzer fan him, Antje Ieppes fan Snits, hie in selsportret fan him. Sy makke in kopy en Houbraken makke dêr in gravuere fan.

Neffens de RKD wie er in portretskilder dy't yn Italië arbeide.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: