Pieter Feitsma
Appearance
Pieter Feitsma (Nes, 7 septimber 1895 – Apeldoorn, 10 maart 1969) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de PvdA.
Hy waard berne yn de Fryske gemeente Westdongeradiel as soan fan Durk Feitsma (1860-1938; lânbouwer) en Riemke Wiersma (1860-1943 ). Hy gie nei de hbs yn Ljouwert en wie direkteur fan in ferwaarmingsynstallaasjefabryk, mar hat ek assuradeur en wethâlder west.
Feitsma wie reserve-kapitein foar't er yn 1948 beneamd waard ta boargemaster fan Reeuwijk. Fan 1952 ôf wie er ek waarnimmend boargemaster fan de gemeenten Hekendorp, Papekop en Lange Ruige Weide. Dêrnei wie er fan 1955 oant syn pensjonearring yn 1960 de boargemaster fan Sliedrecht.
Hy ferstoar yn 1969 yn de âlderdom fan 73 jier.