Springe nei ynhâld

Pierre Mignard

Ut Wikipedy
Selsportret, 1670, Louvre, Parys

Pierre Mignard (Troyes, 7 novimber 1612 - Parys, 30 maaie 1695) wie in Frânsk keunstskilder. Hy hat as bynamme Le Romain, meidat er lange tiid yn Rometahold en om ûnderskied te meitsjen mei syn soannen Paul en Pierre en broer Nicolas, dy't ek ferneamde keunstskilders wiene.

Mignard wie learling fan Simon Vouet en Jean Boucher. Hy arbeide yn Rome fan 1636 oant 1657, tegearre mei Charles Alphonse du Fresnoy. Yn Rome krige syn namme klank as bejefticht portrettist en dat makke dat er yn 1658 fan Loadewyk XIV nei Frankryk roppen waard.

Yn Frankryk waard er in ferneamd as hofskilder. Hy wie tsjinstanner fan Charles Lebrun, mei-oprjochter fan de Académie Royale de Peinture et de Sculpture[1]. Nei de dea fan Lebrun slagge it him en nim dy syn funksjes oer.

De Sinnekening foar Maastricht

Mignard skildere in soad portretten fan leden fan it foarstehûs en makke ek dêr namme as portrettist[2]. Yn 1673 skildere er Loadewyk XIV foar Maastricht. Hy wie fierder fral ferneamd fan syn madonna's, dy't sels oantsjut waarden mei mignardes. Tal fan doetiids ferneamde persoanen hawwe foar hom posearre, ûnder oaren Turenne, Molière, Bossuet en Descartes.

Ek syn âldste soan Paul (Avignon, 1639 - Lyon, 1691) wie in bekend skilder. Soan Pierre (1640 - 1725) wie hofskilder fan keninginne Maria Theresia fan Frankryk en droech de titel architecte du roi.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.britannica.com/EBchecked/topic/381821/Pierre-Mignard
  2. http://www.newadvent.org/cathen/10289a.htm