Nicolas Mignard

Ut Wikipedy
Selfportret

Nicolas Mignard (Troyes, 1606Parys, 1668) wie in Frânsk keunstskilder. Hy wie de âldere broer fan Pierre Mignard.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nicolas Mignard studearre by in pleatslik master yn Troyes. Nei in skoft yn Fontainebleau, gie er nei Avignon yn 1632. Dêrnei reizge er nei Rome mei de aartsbiskop fan Lyon. Mignard gie werom nei Avignon yn 1636, nei it foltôgjen fan in searje etsen yn Rome.[1] Hy skildere dêr meast fanwege religieuze ynstituten. Mignard wenne syn lêste jierren yn Parys, dêr't er in súksesfol portretskilder waard. Mignard ferliet Avignon nei in besite fan kening Loadewyk XIV en syn hofhâlding. De kening helle Mignard nei Parys. Mignard waard dêr yn 1663 lid fan de Académie Royale.[1]

Mignard hâlde it grutste part fan syn libben ta in Avignon. Syn wurk bleau lykwols wat yn it skaad stean fan dat fan syn jongere broer Pierre, dy't yn Paris wenne. Nicolas Mignard syn skilderijen bleaune nei syn dea foar it meastepart yn Avignon as yn lytsere plakken yn de omkriten fan Avignon. Yn de tiid fan de Frânske Revolúsje waard syn wurk foar in grut part taskreaun oan syn broer Pierre Mignard.[2]

Mignard syn styl is typysk foar de Italjaanske estetyske klassifisearring dy't 17e iuwsk Frankryk behearske en waard dúdlik bot beynfloede troch de Frânske klassike barokskilder Nicolas Poussin.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nicolas Mignard at Avignon, catalogue of the 1979 Avignon exhibition, fan Antoine Schnapper (1979)
  • Dallas Museum of Art, A Guide to the Collection, katalogus 1997, s. 82

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Getty Museum
  2. Anthony Blunt, The Burlington Magazine, diel 121, nû. 918 (sept., 1979), s. 603–605+607