Formio (toanielstik)
Formio | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Phormio | |
auteur | Terentius | |
taal | Latyn | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | 161 f.Kr. | |
1e opfiering | 161 f.Kr., Rome | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Formio | |
publikaasje | 1940, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Eisma | |
oersetter | jhr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga |
Formio, yn it oarspronklike Latyn: Phormio, is in komeedzje fan 'e hân fan 'e Romeinske toanielskriuwer Terentius (195/185-159 f.Kr.). It ferhellet oer Formio, in tige manipulative jongeman, dy't syn maten op in mûklistige wize oan 'e frou helpt en it hiele stik dominearret. (Dit personaazje moat net betize wurde mei de histoaryske persoan Formio, in Ateensk admiraal ûnder en foar de Peloponnezyske Oarloch.) Terentius basearre syn Formio op it toanielstik mei deselde namme út 'e trêde iuw f.Kr., fan 'e Aldgrykske toanielskriuwer Apollodoarus fan Karystus, mar paste it ferhaal oan en foege der allegear eleminten oan ta. Formio waard foar it earst opfierd yn Rome, by de Ludi Romani (Romeinske Spullen) fan 161 f.Kr. De Fryske oersetting, fan jhr. mr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga, ferskynde yn 1940.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Antifo, in jonger Atener, is smoarfereale wurden op in fanke dat er gûlend op 'e dyk oantroffen hat. Har mem, mei wa't hja nei Atene ta reizge wie, is koartby stoarn, en no is hja lykme-allinne efterbleaun yn in frjemde stêd, sûnder de middels om sels mar har memme begraffenis te beävensearjen. Antifo syn fernimstige maat Formio wit wol rie, alhielendal om't Antifo syn heit Demifo om utens op reis is, sadat dy moai nearne fan hoecht te witten. Formio makket gebrûk fan in wet dy't foarskriuwt dat weesfamkes mei harren neiste famyljeleden trouwe moatte (binnen de tastiene graad fan besibskip), troch te bearen dat Antifo it neiste troubere famyljelid fan it fanke is. Sa komt er oan in gerjochtlik befel dat Antifo opdraacht om mei har te trouwen, wat dy, hearrige en ûnselssuchtige boarger dat er is, fansels daliks docht.
Underwilens is Antifo syn neef Fedria wanhopich fereale wurden op in slavinne, in lútspylster, mar hy hat it jild net om har te keapjen fan 'e poaier dy't har yn eigendom hat. Syn heit Chremes, de broer fan Antifo syn heit Demifo, hat ek om utens op reis west, nei Lemnos. Op dit punt yn it stik komme de beide heiten tagelyk wer thús. Demifo is poerrazen as er ûntdekt dat syn soan Antifo temûk troud is, en hy is wisberet om it houlik annulearje te litten. Formio biedt him oan om, foar in bedrach oan jild, it breidsje te ûntfieren en sels mei har te trouwen. Dat liket Demifo skoan ta, en hy betellet Formio daliks, dy't dêrop it jild trochjout oan Fedria, dat dy syn lútspylster frijkeapje kin.
Yn 'e tuskentiid is troch tadwaan fan in minne oan it ljocht kommen dat it fanke dêr't Antifo mei troud is, feitlik syn folle nicht is, de dochter fan Chremes, dy't der op Lemnos temûk in twadde gesin op nei hold. Mei har mem en har minne wie se nei Atene kommen om Chremes te sykjen, mar koart nei harren oankomst wie har mem ferstoarn. Chremes is as de dea dat syn oare frou, Fedria syn mem, ûntdekke sil hoe't er har jierrenlang bedondere hat, en sadwaande bepraat er Demifo om it houlik fan Antifo mei syn oerwûne dochter te erkennen. As Demifo lykwols neitiid syn jild werom besiket te foarderjen fan Formio, komt dêrtroch de moard dochs noch út. Chremes syn frou beslút him lykwols úteinlik te ferjaan, en it stik einiget mei in happy end foar alle personaazjes.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Formio waard yn 1940, stavere as Phormio, yn it Frysk oerset troch jhr. mr. Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga, dy't earder al ek in fertaling makke hie fan Kening Oidipoes, fan Sofoklês. De 90 siden tellende oersetting fan Formio waard útbrocht by Utjouwerij Eisma te Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |