Springe nei ynhâld

Philip Sadée

Ut Wikipedy
Philip Sadée (om 1890)

Philip Lodewijk Jacob Frederik Sadée (Den Haach, 7 febrewaris 1837 - dêre, 14 desimber 1904) wie in keunstner dy't ta de Haachske Skoalle hearde.

Sadée sette út ein mei skilderjen doe't er tweintich wie. Ynearsten skildere er bibelske tafrelen en histoarjestikken, letter helle er syn ûnderwerpen út it libben fan alledei. Yn Skeveningen krige er kontakt mei it fiskerslibben en dêr waarden it strân en de dunen boarnen fan ynspiraasje, mar hy skildere ek stedsgesichten. It gebrûk fan heldere kleuren wie in skaaimerk fan Sadée.

Sadée studearre tegearre mei Julius van de Sande Bakhuyzen yn Düsseldorf. Hy hat reizen makke nei België, Dútslân, Frankryk en Italië. Sadée hie tentoanstellingen yn Amsterdam, Rotterdam en De Haach yn de jierren 1853-1903 en waard ta lid keazen fan Arte et Amicitiae yn Amsterdam.

Sadée hat ek haaddosint oan de Haachske Tekenakademy west en hie dêr Hendrikus M. Horrix (1845–1923) ûnder syn learlingen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hans Janssen en Wim van Sinderen De Haagse School. Tentoanstellingskatalogus De Kunsthal, Rotterdam 1997-1998. Swol: Utjouwij Waanders s. 88–93
  • sjoch ek 200 jier Keninkryk en Unôfhinklikens