Petsjenga-kleaster
Petsjenga-kleaster Печенгский монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Moermansk | |
plak | Petsjenga-Luostrari | |
koördinaten | 69° 32' N 31° 12' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1533 | |
oprjochter | Trifon fan Petsjenga | |
opheffing | 1944 | |
weriepening | 1997 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | rekonstruksje 2007-2012 | |
Webside | ||
trifon-luostari.cerkov.ru | ||
Kaart | ||
It Petsjenga-kleaster (Russysk: Печенгский монастырь, Finsk: Petsamon luostari) wie foar lange tiid it noardlikste kleaster fan 'e wrâld. It otterdokse kleaster waard oprjochte yn 1533 troch Trifon, in letter hillich ferklearre muonts út Novgorod, op in plak dêr't de rivier Petsjenga yn it Petsjengafjord útmûnet, 135 km west fan 'e stêd Moermansk op it skiereilân Kola.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trifon wie fan doel mei it kleaster de lokale Skoltsamen ta it kristendom te bekearen en te demonstrearjen dat sels yn 'e meast ûnherberchsume gebieten it leauwe ta bloei komme koe. Syn foarbyld waard folge troch in soad oare Russyske muontsen en yn 1572 wennen der al likernôch 50 muontsen en 200 lekebruorren yn it kleaster.
Yn desimber 1589, seis jier nei it ferstjerren fan Trifon, waard it houten kleaster plondere en yn 'e brân stutsen troch in ûnder de Sweedske kroan operearjend Finsk detasjemint. In soad muontsen en lekebruorren ferlearen by dy oanfal it libben en dêrmei kaam in ein oan Trifon's kleaster. Besletten waard in nij kleaster by de stêd Kola op te bouwen, mar dat waard yn 1619 troch brân troffen. It kleaster krige wer in oar plak en no oan 'e oare kant fan 'e rivier, mar in dekreet fan keizerinne Katarina II makke yn 1764 in ein oan it monastike libben.
Mei de russifikaasje fan it eilân tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw waard per dekreet fan 'e Hillige Synoade it kleaster Petsjenga wer opboud op it oarspronklike plak yn 1886.
Nei de oktoberrevolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1920 foel it gebiet en dus ek it kleaster oan it sûnt 1917 ûnôfhinklike Finlân ta. Dêrmei ûntkaam it kleaster oan 'e slutingsweach fan kleasters, dy't Ruslân nei de Oktoberrevolúsje oerspielde. Oan 'e ein fan 'e Ferfolchkriich yn 1944 flechten de muontsen foar it optsjende Reade Leger nei it binnenlân fan Finlân. De kleastergebouwen waarden troch de oarloch ferneatige. Petsjenga waard by de Sovjet-Uny ynlive en de ferjage muontsen fûnen in nij plak yn it kleaster Uusi Valamo ("Nij Valamo") yn it Finske Heinävesi, dat yn 1940 troch flechtsjende muontsen fan it kleaster Valaam (Finsk: Valamo) stifte wie. Oant 1984, doe't de lêste muonts yn 'e âldens fan 110 jier ferstoar, foarmen de muontsen fan Petsjenga dêr in aparte bruorskip yn it kleaster.
Restauraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1997 kundige de Russysk-Otterdokse Tsjerke oan it monastike libben nij libben yn te blazen, mar in brân op 1 desimber 2007 ferneatige de tsjerke fan it kleaster. Besletten waard om it kleaster doe wer op te bouwen yn Luostrari, op 'e histoaryske lokaasje en sa't it oan it begjin fan de 20e iuw der útsjoen hie. Yn desimber 2012 waard de Trije-ienheidstsjerke ynwijd. Sûnt 2018 waard de nije Trifontsjerke oan it kompleks tafoege.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Печенгский монастырь
|
- Kleaster yn Ruslân
- Bouwurk yn Moermansk (oblast)
- Organisaasje oprjochte yn 1533
- Organisaasje opheft yn 1764
- Organisaasje oprjochte yn 1886
- Organisaasje opheft yn 1944
- Organisaasje oprjochte yn 1997
- Bouwurk út 1533
- Bouwurk sloopt yn 1589
- Bouwurk út 1589
- Bouwurk sloopt yn 1619
- Bouwurk út 1619
- Bouwurk sloopt yn 1764
- Bouwurk út 1886
- Bouwurk sloopt yn 1944
- Bouwurk út 1997
- Bouwurk sloopt yn 2007
- Bouwurk út 2012