Petsjenga-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Petsjenga-kleaster

Печенгский монастырь

Pechenga Monastery Petsamon luostari 02.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
Flag of Murmansk Oblast.svg Oblast Moermansk
Oblast Flag of Pechenga (Murmansk oblast).png Petsjenga
plak Luostrari by Petsjenga
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1533; 2007-2012
sloopjier 1589

It Petsjenga-kleaster (Russysk: Печенгский монастырь, Finsk: Petsamon luostari) wie foar lange tiid it noardlikste kleaster fan de wrâld. It otterdokske kleaster waard oprjochte yn 1533 troch Trifon, in letter hillich ferklearre muonts út Novgorod, op in plak dêr't de rivier Petsjenga yn it Petsjengafjord útmûnet, 135 km. westlik fan de stêd Moermansk op it skiereilân Kola.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trifon wie fan doel mei it kleaster de lokale Skoltsamen ta it kristendom te bekearen en te demonstrearjen dat sels yn de meast ûnherberchsume gebieten it leauwen ta bloei komme koe. Syn foarbyld waard folge troch in soad oare Russyske muontsen en yn 1572 huzen der al likernôch 50 muontsen en 200 lekebruorren yn it kleaster.

Yn desimber 1589, seis jier nei it ferstjerren fan Trifon, waard it houten kleaster plondere en yn'e brân stutsen troch in ûnder de Sweedske kroan operearjend Finsk detasjemint. In soad muontsen en lekebruorren ferlearen by dizze oanfal it libben en dêrmei kaam in ein oan Trifon's kleaster. Besluten waard in nij kleaster by de stêd Kola op te bouwen, mar dat waard yn 1619 troch brân troffen. It kleaster krige wer in oar plak en no oan de oare kant fan de rivier, mar in dekreet fan keizerin Katarina II makke yn 1764 in ein oan it monastike libben.

De kleastertsjerke yn winterlânskip op in ôfbyld út 1911

Mei de russifikaasje fan it eilân tsjin it ein fan de 19e iuw waard per dekreet fan de Hillige Synoade it Kleaster Petsjenga wer opboud op it oarspronklike plak yn 1886.

Nei de oktoberrevolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1920 foel it gebiet en dus ek it kleaster oan it sûnt 1917 ûnôfhinklike Finlân ta. Dêrmei ûntkaam it kleaster oan de weach fan slutings fan kleasters dy't Ruslân nei de Oktoberrevolúsje oerspielde. Oan it ein fan de Ferfolchkriich yn 1944 flechten de muontsen foar it optsjende Reade Leger nei it binnenlân fan Finlân. De kleastergebouwen waarden troch de oarloch ferneatige. Petsjenga waard by de Sovjet-Uny ynlive en de ferjage muontsen fûne in nij plak yn it Kleaster Uusi Valamo ("Nij Valamo") yn it Finske Heinävesi, dat yn 1940 troch flechtsjende muontsen fan it Kleaster Valaam (Finsk: Valamo) stifte wie. Oant 1984, doe't de lêste muonts yn'e âldens fan 110 jier ferstoar, foarmen de muontsen fan Petsjenga dêr in aparte bruorskip yn it kleaster.

Restauraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1997 kundige de Russysk-Otterdokse Tsjerke oan it monastike libben nij libben yn te blazen, mar in brân op 1 desimber 2007 ferneatige de tsjerke fan it kleaster. Besletten waard om it kleaster doe wer op te bouwen yn Luostrari, op de histoaryske lokaasje en sa't it oan it begjin fan de 20e iuw der útsjoen hie. Yn desimber 2012 waard de Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid ynwijd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]