Springe nei ynhâld

Petrus- en Paulustsjerke (Pskov)

Ut Wikipedy
Petrus- en Paulustsjerke

церковь Петра и Павла

Lokaasje
lân Ruslân
plak Pskov
adres Ulitsa Karla Marksa, 2
koördinaten 55° 49' N 28° 20' E.
Arsjitektuer
boujier 1540
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 601410221770006
Webside
pravpskov.ru
Kaart
Petrus- en Paulustsjerke (Jeropeesk Ruslân)
Petrus- en Paulustsjerke

De Petrus en Paulustsjerke (Russysk: церковь Петра и Павла) is in 16e-iuwske otterdokske tsjerke yn 'e Russyske stêd Pskov. De tsjerke is in beskerme monumint en stiet oan 'e Karl Marx-strjitte (earder de Novgorod-strjitte) fan 'e âlde stêd oan 'e rjochter kant fan 'e rivier. De tsjerke falt ûnder it otterdokske bisdom Pskov.

Ikonostaze.

De oan 'e apostels Petrus en Paulus wijde tsjerke waard foar it earst dokumintearre yn 1373. Dy tsjerke waard yn 1540 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. Oarspronklike wie it rjochthoekige gebou 24,6 meter by 14,7 meter grut, mar nei in útwreiding is de tsjerke 32 meter by 14,7 meter.

Yn 'e Noardlike Kriich tsjin Sweden wenne Peter de Grutte, dy't troch Pskov reizge yn ferbân mei de tarieding fan militêre operaasjes, yn 'e tsjerke in fiering fan 'e godlike liturgy by. Der wurdt ornearre dat er mei yn it koar song en út it bibelboek Hannelingen fan de Apostels foarlies.

De dûbele klokketoer stoarte yn 1810 yn. De tsjerke waard oan 'e súdlike kant mei in apsis en oan 'e westlike kant mei tagongsgallerij útwreide.

De tsjerke waard yn 1932 op lêst fan 'e ateïstyske autoriteiten foar de earetsjinst sletten. Op 30 augustus 1960 waard de tsjerke in nasjonaal monumint. De tsjerke waard restaurearre en yn 2005-2006 werom jûn oan 'e earetsjinst.

De nije ikonostaze datearret fan 2008. Op 2 desimber 2009 waarden sân klokken yn 'e toer hongen, getten yn Voronezj en wijd op 28 desimber fan dat jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: