Peter DePoe

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Peter DePoe
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
Peter DePoe.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter DePoe
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 1943
berteplak Neah Bay (Washington)
etnisiteit Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of France.svg Frânsk
Flagge fan de Konfederaasje fan de Seis Naasjes fan de Irokezen.PNG Irokeesk
Flagge fan de Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat.PNG Noardlik Arapaho
Flagge fan de Noardlike Sjajinne Stamme.PNG Noardlik Sjajinsk
Flagge fan de Ojibwe.PNG Odjibwe
Flagge fan de Konfederearre Stammen fan Siletz Yndianen.PNG Silets
Gjin Flagge (Bekend).PNG Tûtûtny
wurkpaad
sjenre rock, pop
ynstrumint drumstel
jierren aktyf 1969 – no
offisjele webside
www.redbone.com

Peter DePoe (Neah Bay (Washington), 1943) is in Amerikaansk muzikant fan mingd etnysk komôf. Hy hat bekendheid krigen as drummer fan 'e band Redbone.

Berte en komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

DePoe waard yn 1943 berne yn Neah Bay, yn 'e Amerikaanske steat Washington, it haadplak fan it Makah Yndianereservaat. Hy is fan tige mingd etnysk komôf, mei Dútsk, Frânsk en Yndiaansk bloed. Syn Yndiaanske foarâlden hearden ta de Irokezen, Noardlike Arapaho, Noardlike Sjajinnen, Odjibwe, Silets en Tûtûtny.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1969 krige DePoe bekendheid doe't er de drummer waard fan 'e Yndiaanske band Redbone. Hy ûntwikkele de styl fan drummen dy't bekendstiet as 'King Kong'. Yn 1972, nei it ferstjerren fan syn heit, ferliet er de band. Hy waard ferfongen troch Arturo Perez en letter troch de Filipynske Meksikaan Butch Rillera. DePoe sette syn muzykkarriêre fuort by lytsere, minder bekende bands, en is oant hjoed de dei ta as drummer aktyf.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.