Peter Arend de Haan
Peter Arend de Haan (Boalsert, 29 jannewaris 1949) is in publisist út Ljouwert.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Peter Arend de Haan waard op 29 jannewaris 1949 berne yn in Boalserter middenstânshúshâlding. Nei it Bogerman Kolleezje (gymnasium) gie hy yn 1968 oan de Ryksuniversiteit Grins Nederlânsk Rjocht studearjen mei Publyk en Bestjoersrjocht as spesjalisaasje. Syn skripsje gie oer de ‘Konstitúsjonele aspekten fan de frijlitting fan de Trije fan Breda’. Tidens syn stúdzje publisearre hy û.o. yn Hervormd Nederland in ynterview mei Bin Goerion, oprjochter fan de steat Israël. Sûnt 1973 wennet hy yn Ljouwert dêr't hy juridysk beliedsmeiwurker romtlike oardering by de provinsje Fryslân wie. Fan 1986 ôf wie hy oant syn pensjoen (2011) strategysk adviseur fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten en û.o. ferantwurdlik foar takomstfyzjes lykas Fryske Fiersichten, de lêste yn nauwe gearwurking mei de destiidske Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels. Hy wie yn 2009 inisjator fan de Fryske bydrage oan de fiering fan ‘New York 400’, û.o. mei it boek Gevierde Friezen in Amerika (320 siden) en de Ingelske ferzje Famous Frisians yn America dat destiids yn New York presintearre waard. Dat boek hannelet oer Friezen (of har direkte neisieten) dy't it yn dat lân yn in tiidrek fan 400 jier ‘makke’ hawwe. Yn de Nije Encyclopedie fan Fryslân (2016) wurdt regelmjittich nei biografyen yn dat boek ferwiisd. Njonken syn wurk wie Peter de Haan aktyf yn de lokale polityk en liet hy in soad publikaasjes it ljocht sjen.
Polityk wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1973 en 1986 hie Peter de Haan ferskate funksjes binnen de Partij fan de Arbeid, grutste partij yn de stêd Ljouwert: siktaris fan de Federaasje Ljouwert, (plf.) lid fan de lanlike Partijried, kongresôffurdige, kampanjelieder, haadredakteur fan it tydskrift Reade Pepers en meioprjochter fan it PvdA-gebou De Bres dêr't hy politike kafees mei lanlike sprekkers organisearre. Lanlik wie Peter de Haan aktyf as meiwurker fan de PvdA-tydskriften Roos in de Vuist en Voorwaarts. No is hy noch sikretaris fan de oan de Pvda liëarre stifting Ons Gebouw / De Bres.
Maatskiplike funksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de neamde wurksumheden foar de Pvda wie De Haan û.o. meioprjochter fan de Rjochtswinkel Ljouwert (1973), lid fan de Ried fan Tafersjoch Stifting Promoasje Ljouwert en foarsitter fan de Stifting dy’t in stêdebân ûnderhold tusken Ljouwert en de Russyske stêd Orjol (1994-2002). Hy hat syn juridyske eftergrûn ynset as ûnôfhinklik foarsitter fan beswier- en beropskriftekommisjes yn de gemeenten It Bilt en Frjentsjerteradiel (1991-2016) en yn Frjentsjerteradiel, in funksje dy hy yn dy gemeente opjoech foar it vicefoarsitterskip fan de Rekkenkeamer. Sûnt 2003 wie hy foarsitter fan de Klachtekommisje by Behannelingssintrum Woodbrookers (no Fryske Jeugdhelp).
Yn de Rotaryclub Ljouwert Nijehove hie hy de funksjes fan Programkommissaris (2012-2013) en foarsitter (2019-2020). Peter de Haan is sûnt 2011 bestjoerslid fan de Stifting Kulturele Betinkingen Fryslân dy’t hy as projektlieder fan Saskia 400 oprjochte hat (sjoch www.cultureleherdenkingenfryslan.nl). Dy stifting hat yn it 400ste bertejier (2012) fan Rembrandt syn frou Saakje fan Uylenburgh tal fan aktiviteiten opset dy’t bedoeld wiene om de kennis oer har betsjutting foar Rembrandt syn wurk en oer Rembrandt syn spoaren yn Fryslân te fergrutsjen.
Peter de Haan is sûnt 2001 ynternasjonaal aktyf as ferkiezingswaarnimmer foar de Organisaasje foar Feiligens en Gearwurking yn Europa (OVSE) en fan 2008 ôf bestjoerslid fan de Stifting Poëzijtablo’s Ljouwert (sjoch www.poezieroute.nl) dy ‘t sawat 60 hurdstiennen poëzijtablo‘s yn de iepenbiere romte fan de binnensted e.o. beheart. Sûnt 2013 is hy foarsitter fan kultureel poadium Doarpstsjerke Huzum, dêr’t neist konserten, eksposysjes, lêzingen troch bekende sprekkers en boekpresintaasjes ek bysûndere betinkingen (lykas de troch him organisearre Mata Hari betinking yn 2017) holden wurde (sjoch: www.dorpskerkhuizum.nl). Fan 2020 oant 2022 wie De Haan bestjoerslid fan de Ljouwerter histoaryske feriening Aed Levwerd en fan 2021 ôf 2021 is hy dat fan de Stifting Betinking Slauerhoff.
In soad fan syn aktiviteiten komme fuort út de winsk om Ljouwert te befoarderjen. Dat gou foar syn nominaasje fan Ljouwert ta Kulturele Haadstêd fan Europa (2018) en inisjativen op it mêd fan plakettes en it ferneamen fan bekende Ljouwerters yn strjitnammen.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken artikels yn ferskate lanlike en regionale tydskriften en syn kolumns foar stedsblêd Liwwadders wie Peter de Haan (mei)auteur fan ferskate publikaasjes lykas:
- Ko-auteur fan it boek 100 jaar sociaaldemocratie in Friesland (1994)
- De publikaasje 1813: Russen bevrijden Leeuwarden van de Franse overheersing
- Meigearstaller provinsjale gedichtebondel Dit is myn lân (1998)
- Bydrage oan boek Joods leven in Friesland (Bornmeer 2010)
- Boek Gevierde Friezen in Amerika' (320 siden), Ingelske ferzje: Famous Frisians in America (2009)
- Auteur boek Lange Leve Liwwadden mei in kompilaasje fan syn kolumns (2011)
- It boek Tienmaal In Memoriam Patris oer de relaasje tusken de dichter Jan Slauerhoff en Huzum/Ljouwert (sept. 2018).
- Auteur/gearstaller boek Voetstappen in Huizum (2019)
- Mei-auteur fan it boek (Schat)Graven in Huizum, verhalen over de Huizumer dodenakker (2019) mei in ferfolchartikel yn it boek ‘Over de groene zoden II’ (2020).
- Bydrage oan it boek Over de groene zoden 2, wandelingen over begraafplaatsen in Nederland (2020)
- It essay Kan plaveisel spreken? oer de Ljouwerter poëzijrûte yn it boek Leeuwarden, in liber amicorum foar Geart de Vries (2021, side 36-49).
Underskiedingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Peter de Haan wûn de earste priis fan de Essaypriisfraach fan it magazine Binnenlands Bestuur oer de Learende Oerheid (letter ek publisearre yn in útjefte fan de Erasmus Universiteit oer dat ûnderwerp, ûnder redaksje fan prof. Roel yn ’t Veld) wylst syn essay de Renaissance van regionale identiteit yn 2009 foar de Je Maintiendrai (JM) Priis nominearre waard. Op 16 novimber 2018 krige hy foar syn maatskiplike fertsjinsten út hannen fan de destiidske boargemaster Ferd Crone it Ljouwerter Liuwke útrikt.
Privee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Haan syn partner is Hermien de Haan (1950) en hy hat twa soannen.