Pet (holdeksel)
In pet is in slop of stevich holdeksel mei in râne (klep) oan 'e foarkant (wêrmei't it him ûnderskiedt fan in hoed of in mûtse). Ferskate soarten petten wike justjes fan dat stramyn ôf. Sa hat de jachtpet (it holdeksel dat ferneamd makke is troch de fiktive privee-detektive Sherlock Holmes) sawol oan 'e foarkant as oan 'e efterkant in klep, wylst de typyske matroazepet alhiel gjin klep hat, mar wol in ôfhingjend lintsje oan 'e efterkant. Yn Nederlân is de pet fan oarsprong in holdeksel dat in protte troch sljochtwei folk droegen waard, lykas boere-arbeiders, gerniers, komelkers, fabryksarbeiders of lytse winkellju. Sadwaande is de útdrukking 'Jan mei de pet' ûntstien, dy't ferwiist nei de gewoane man (mei't de hegerein eartiids huodden droech).
Petten waarden foarhinne benammen droegen ta beskerming tsjin it waar, wêrby't de klep de eagen noch ekstra beskutte tsjin rein en oare delslach, mar ek tsjin wyn en sinneskyn. Tsjintwurdich wurde petten om dy reden folle minder droegen, mar sjocht men mear (mar oarsoartige) petten dy't droegen wurde omreden fan moade, lykas honkbalpetten, dy't troch jongerein en rappers ek yn 'e hûs opholden wurde. Fierders makket de pet ek ûnderdiel út fan in protte unifoarmen, bygelyks fan 'e plysje en it leger, mar ek fan skipskapteins en foarhinne fan postrinners.
Soarten petten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der besteane ferskillende soarten petten:
|
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|