Perzyske Ryk
It Perzyske Ryk is de namme dy't brûkt wurdt foar it tiidrek tusken 559 f.Kr. en 651 n.Kr. dat it tsjintwurdige Iran regearre waard troch in tal dynastyen. It begûn mei de stifting fan it keninkryk Perzje yn 559 f.Kr. troch kening Syrus de Grutte, de earste fan de Achaemeniden dy't de ferdielde keninkriken by inoar brocht. De ein fan it Perzyske Ryk kaam ûnder it regear fan de Sassaniden dy't yn 651 troch de Islamiten ferslein waarden.
It ûntstean fan it Ryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 559 f.Kr. ferienige Syrus de Grutte de yn dy tiid ferdielde keninkriken fan de Perzen en Meden. Hy makke in ein oan it wichtige Middenryk dat troch syn pake Astyages regearre waard. Sius neamde himsels shah en gong fierder mei syn oermasterings. Hy oermastere Lydje yn Lyts-Aazje en brocht syn manlju nei Sintraal-Aazje. De âlde stêd Babylon foel yn syn hannen en dêrtroch neamde se him in oermasterder fan goede wil. Hy stelde in ferneamd hânfest op dêr't er yn taseit om Babylon net te terrorisearjen of har ynstellings en kultuer te ferneatigjen.
De soan fan Sirus, Kambyses II, foege troch oermasterings Egypte ta oan it Perzyske ryk. It Ryk soe har grutste útwreiding berikke ûnder Darius I. Dy liede syn legers de fallei fan de rivier de Indus yn en nei Jeropa ta. Yn Grikelân waard syn ynvaasje hoholden nei't er de ferneamde Slach by Marathon ferlear. In soan fan Darius, Kserkses soe it letter op 'e nij besykje, mar ferlear allyksa tsjin de Griken, yn de Slach by Salamis yn 480 f.Kr.
Doedestiids wie it Perzyske ryk fan Agaemeniden it grutste en krêftichste ymperium oant dan ta. Wat foaral wichtich wie, it ryk waard goed laat en wie tûk organisearre. Under Darius waard it keninkryk yn om-ende-by tweintich provinsjes ferdield dat fan satrapen (gûverneurs) late waard. Hy sette in belestingsysteem op, yntrodusearre it postsysteem fan de Assyrjers dat er fierder útwreide en liet wegen oanlizze dat benammen de hannel fertuten die. Ek naam er fan it Assyryske ryk it gebrûk oer fan geheime aginten, de "Eagen en Earen fan de Kening", dy't him ynljochtings joegen oer de stân fan saken yn it ryk. De Perzen lieten de lokale kultueren gewurde en dat die it ymperium fertuten, meidat de oermastere folken gjin ferlet hienen fan in opstân.
Tidens it tiidrek fan de Agaemeniden, wie it Zoroastrisme de godstsjinst fan de hearskers en it meastepart fan de befolking. Dy religy leit de klam op de universele striid tusken goede en kweade goaden. It Zoroastrisme en har mystike lieders, de saneamde Magy, hearre by de Perzyske kultuer.