Periplus fan de Erytreyske See

Ut Wikipedy
Rûtes en plakken neamd yn de Periplus fan de Erytreyske See .

De Periplus fan de Erytreyske See (Periplus Maris Erythraei) is in Grykske periplus (rûtebeskriuwing). It skrift jout oanwizingen foar sylskippen en beskriuwt de hannelsrûtes fan de Egyptysk-Romeinske havens sa as Berenys fia de kust fan de Reade See nei East-Afrika en Yndia. De tekst wurdt datearre tusken de 1e en de 3e iuw, mar mids 1e iuw wurdt as it meast wierskynlik beskôge. De auteur is net bekend, mar it ferslach is dúdlik fan ien dy’t goed bekend wie yn dy kontreien en it ferslach is suver unyk wat it ynsicht oanbelanget dat it jout oer wat der yn de Aldheid witten wie oer de lannen om de Yndyske Oseaan hinne.

Alhoewol’t de term Erytreyske See algemien beskôge as de oantsjutting fan de Reade See yn de Aldheid, sloech it foar de Alde Griken ek op de Yndyske Oseaan en de Perzyske Golf.

It wurk bestiet út 66 haadstikken dy’t meast de lingte fan in paragraaf hawwe. Yn in protte gefallen is de beskriuwing fan plakken sekuer genôch om nei te gean hokker plakken bedoeld binne, oare beskriuwingen jouwe dêroer gjin útslútsel. Rhapta (Tanzania) wurdt bygelyks beskreaun as it fierst fuortlizzende merkplak oan de kust fan Azaniaanje, mar teminsten fiif lokaasjes foldogge oan de beskriuwing, útienrinnend fan Tanga oant de Rufijy-rivierdelta. De beskriuwing fan de kust fan Yndia neamt dúdlik de rivier de Ganges , mar dêrnei is it ferslach ûnfolslein en dizenich. Sa wurdt Sina beskreaun as de grutte ynlânske stêd Thina.

De Periplus beskriuwt in oantal hannelsprodukten yn termen dy’t nearne oars brûkt wurde yn teksten út de Aldheid, sadat nei de betsjutting allinne ret wurde kin. De Periplus beskriuwt ek hoe’t Hippalus de direkte rûte fan de Reade See nei súdlik Yndia fûn.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]