Penza
| Penza Пенза | ||
| Utsjoch oer Penza fan de Spassky-katedraal ôf | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Oblast | Oblast Penza | |
| Stedsdistrikt | Stêd fan regionaal belang | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 492.376 (2024) | |
| Oerflak | 304,6 km² | |
| Befolkingsticht. | 1.616 ynw./km² | |
| Hichte | 150 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1663 | |
| Postkoade | 440000–440071 | |
| Netnûmer | +7 8412 | |
| Tiidsône | UTC+3 | |
| Simmertiid | UTC+3 | |
| Koördinaten | ||
| Offisjele webside | ||
| www.penza-gorod.ru | ||
| Kaart | ||
Penza (Russysk: Пенза) is in stêd yn Ruslân, haadstêd fan de oblast Penza, op it Wolgaplato oan de rivier de Soera, in lytse 600 km súdeastlik fan Moskou.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Penza waard yn opdracht fan tsaar Aleksej Michailovitsj it jier 1663 stifte as ûnderdiel fan 'e fersterkings om it tsaardom oan 'e súdeastlike grins te beskermjen tsjin oanfallen fan 'e Krimtataren. Yn 1716 waard Penza in provinsjehaadstêd yn it gûvernemint Kazan en yn 1796 letter de haadstêd fan it gûvernemint Penza. Yn 1874 waard de stêd oansletten op it Russysk spoarnet.
Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 begûn de Russyske Boargeroarloch. Op 29 maaie 1918 waard de stêd troch kontrarevolúsjonêre troepen fan it Tsjechoslowaakske Legioen ûnder Stanislav Čeček ynnommen, dy't oan 'e kant fan 'e Komûtsj (Komitee fan Leden fan 'e Grûnwetlike Gearkomste) stiene. Nei twa dagen tôgen hja fierder, wêrtroch't it Reade Leger de kontrôle oer de stêd werom krije koe.
Doe't op 7 febrewaris 1939 troch ôfspjalting fan 'e oblast Tambov de oblast Penza ûntstie, waard de stêd oanwiisd as it bestjoerlike sintrum dêrfan.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich leit Penza fier genôch yn it easten om bûten it berik fan Dútske troepen te bliuwen. Fabriken út stêden lykas Moskou, Leningrad en Charkov ferhûzen nei de Dútske ynfal nei Penza en de stêd feroare yn in koart skoft tiid yn in grut yndustrieel sintrum foar de oarlochsproduksje. Ek waarden der in grut tal sikehûzen boud foar it fersoargjen fan ferwûne soldaten. Fan 1945 oant 1947 bestiene yn 'e stêd de kriichsfinzenekampen nûmer 161 en 399 foar Dútske, Roemeenske en Hongaarske kriichsfinzenen.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1897 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 |
|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 59.981 | 159.776 | 255.481 | 373.650 | 482.916 |
| Jier | 1989 | 2002 | 2010 | 2020 | |
| Ynwennertal | 542.612 | 518.025 | 517.311 | 509.513 |
Underwiis en kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Penza is in regionaal sintrum foar heger ûnderwiis. Der binne fiif universiteiten, wêrûnder in technyske en in lânbou-universiteit, en ferskate hegeskoallen, wêrûnder in ekonomyske hegeskoalle en in opliedingsynstitút foar artillery-ingenieurs. Dernjonken hat de stêd trije teäters en fjouwer museä.
Berne yn Penza
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Vsevolod Meyerhold, regisseur en akteur
- Vsevolod Poedovkin, regisseur en filmteoretikus
- Viktor Boerajev (1982), atleet
- Sergej Peroenin (19 july 1988), swimmer
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Penza fan Wikimedia Commons. |