Springe nei ynhâld

Penninysk Berchtme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Penninen)
De Penninen yn Noard-Ingelân
Topografyske kaart Feriene Keninkryk, mei sintraal it Penninysk Berchtme

It Penninysk Berchtme of de Penninen is in berchkeatling fan likernôch 400 kilometer langte yn it noarden fan Ingelân. It heechste punt is de Cross Fell yn Cumbria, fan 893 m.

It bechtme foarmet fan súd nei noard in ûnûnderbrutsen berchrige fan it Peak District yn de Midlands (by Derbyshire) ôf, troch de saneamde Yorkshire Dales, parten fan de regio Grut-Manchester, it west-Penninyske feangebiet yn Lancashire en Cumbrian Fells oant oan de hichten fan Cheviot by de Skotske gryns (de Noard Penninen).

It berchtme is de meast wichtige wetterskieding yn Noard-Ingelân en ferdielt it lân yn de westlike- en de eastlike gebieten.

De westkant fan it berchtme kriget fanwege de meast westlike (see)wyn folle mear rein as de eastkant. Ut by de bergen omheechgeande lucht ûnstiet orografyske stigingsrein. Sa komt it dat yn Manchester yn it westen 806 mm it jier delslach hat en yn Leeds, dat sa'n 70 km eastlik fan de bergen yn it reinskaad leit, mar 660 mm it jier falt.

Lânskipsbyld fan de Penninen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]