Springe nei ynhâld

Pedro Bakker

Ut Wikipedy
Pedro Bakker
keunstner
persoanlike bysûnderheden
berne 1952
berteplak Wervershoof
offisjele webside
https://www.pedrobakker.com/

Pedro Bakker (Wervershoof, 1952) is in grafikus en skilder út Skettens. [1]

Pedro Bakker krige syn oplieding oan de Amsterdamske Hegeskoalle foar de Keunsten en it Sandberg Ynstitút en studearre Filosofy. Syn stúdzje oan de Universiteit fan Amsterdam sluet hy ôf mei de solotentoanstelling MUM yn W139.

Hy begûn as keunstskilder en wiksele dat ôf mei skriuwen oer keunst. Yn 2006 feroare syn styl fan skilderjen nei ûnderwerpen sûnder betsjutting nei it tekenjen fan autobiografyske motiven. In 2019 begûn hy oan in eksperimint mei papier-masjee wat late ta in nije wurkwize om assemblaazjes te meitsjen fan gebouwen mei figueren deryn.

Syn mânske kleure tekeningen waarden ynternasjonaal tentoansteld op plakken as Bazel, New York, Meksiko, it Frysk Museum en Peking. It Frysk Museum samle inkele wurken út alle searjes dy’t hy tekene en skildere. Underdiel dêrfan wiene twa grutte politike tekeningen, Burnt Home 7 (2009) en The Pear Garden (2015). Bakker syn wurk is fertsjintwurdige yn parikulier kolleksjes yn binnen- en bûtenlân.

Pedro Bakker joech presintaasjes, optredens, fertoanings en lêzings yn Nederlân, Ingelân en Sina. Bakker wie fan 2014 ôf lange tiid yn Sina om te wurkjen oan syn projekt Madame Mao, in ferfolch op it wurk To Draw Politically. Syn lêste optreden mei in koarte soloshow en in boekpresintaasje wie ein 2018 yn it Three Shadows Photography Art Centre yn Xiamen.

Bakker syn tiid yn Sina krige in ferfolch mei in eksposysje yn it Frysk Museum. [2] De tentoanstelling toant Bakker syn ûntwikkeling sûnt syn lêste politike wurk oer de moard op Theo van Gogh oant syn mear resinte wurk mei tema’s as oriïntalisme en kulturele ferskillen. [3] Yn 2016 ferskynde syn twatalige (Sineesk/Ingelsk), keunstnersboek Innocent mei de auteurs Hanne Hagenaars, Jelle Bouwhuis en Laurens ten Kate. It boek waard stipe troch Fondskwadraat en het Mondriaan Fûns.

Gerrit Bennerpriis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bakker wûn yn 2017 de Gerrit Benner Priis. Bakker wûn de priis foar de ûntwikkeling fan syn wurk yn de foarôfgeande twa jier. Syn kleurrike en útdaagjende tekeningen, ynspirearre op syn ferbliuw yn Sina wiene yn 2017 te sjen yn it Frysk Museum. De sjuery wie ûnder de yndruk fan Bakker syn klassike tekenstyl en libbene, kleurrike wurken: De tekeningen tsjûgje fan fakmanskip. Syn wurk giet in yntinse relaasje oan mei de hjoeddeiske tiid en mienskip, wêrby’t it begryp 'de oar' lykop gean kin mei ûngemak en wriuwing. Bakker wurdt beskôge as in ferhaleferteller dy’t himsels fernijen bliuwt sûnder syn werkenbere sinjatuer te ferliezen. De keunstner krige neist in tentoanstelling yn it Frysk Museum in bedrach fan €4000,-. [4]

  • Innocent (2016), útjouwerij Onomatopee; ISBN ‎ 978-9491677533

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsjes