Peaskehazze
De Peaskehazze is in fiktive hazze dy't om Peaske hinne aktyf is. Neffens njoggentjinde-ieuske oannames komt de Peaskehazze út in Germaanske tradysje fan it fieren fan maitiid en nij libben.
De hazze spilet in promininte rol yn Peaskemearkes. Neist aaien is it in wichtich attrribút fan it net-religjeuze Peaskefeest. Der binne ûnder oare sûkelarjefigueren en in protte oare byldsjes fan it bist. De hazze is in wichtich marketingynstrumint foar de peaskeferkeap.
Yn Nederlân hat de hazze op 'e rêch in koer mei peaskeaaien deryn. Bern wurd wiismakke dat de peaskehazze se ferberget, bygelyks yn 'e tún of op it balkon tusken de planten. Yn werklikheid wurdt dit dien troch de âlden. In skatsykjen nei dy aaien op peaskemoarn is ûnderdiel fan dizze tradysje. It giet dan faak om aaien makke fan sûkelarje.
Roomske katoliken fertelden harren bern dat de peaskeaaien troch de peaskeklokken brocht waarden. Nei it lieden fan de tsjerkeklokken op Wite Tongersdei, giene de tsjerkeklokken nei Rome ta om dêr de peaskeaaien op te heljen. Se krigen wjukken en fleagen troch de loft. Omdat dit protestanten net oanspruts, krige de Peaskehazze by harren de rol fan aaibringer.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke soe Peaske oer in heidensk maitiidsfeest hinne tild hawwe om te besykjen dit feest te kristenjen. Dy teory om de Germaanske mytology hinne ûntstie yn de romantyk. Tsjintwurdich wurdt lykwols oannomd dat de kennis fan dy mytology basearre is op ferskate twifelriedige rekonstruksjes en spekulaasjes. Yn in pear gefallen is sa'n 'heidenske', mytologyske, âlde Germaanske en pre-kristlike ferklearring mooglik, mar hast altyd ûnwierskynlik. In protte fan dizze opfettings binne alle kearen oernomd yn populêre publikaasjes, dêr't dit soarte fan teoryen noch yn neamd wurde, mar dy't al lang fersmiten binne troch serieuze wittenskip.
De Peaskehazze is in optocht berneritueel, mei in pedagogysk karakter. Hy jout oarspronklik allinnich aaien oan bern dy ‘t har goed holden. De Peaskehazze wie yn Nederlân alteast yn 1825 bekend troch in oerset Dútsk boek. Yn 1961 waard de Peaskehazze neamd as in 'nije' tradysje troch folklorist S.J. van der Molen. It gebrûk fan de peaskehazze is mooglik ek troch Dútske migranten nei Nederlân brocht, lykas de krystbeam troch Dútsers yn Nederlân yntrodusearre is. Yn Dútslân wurdt al yn 1682 de Peaskehazze neamd, dy't it slagge om kleure aaien te lizzen
De Germaanske fruchtberensgoadinne Eastra, ornearre troch de bruorren Grimm, waans bestean lang net wis is, dy't yn de tradysjonele mytologyen ôfbylde is as healsinnich en soms like bloedtoarstich as royaal, soe gauris op ierde ferskynd wêze yn de foarm fan in hazze. Benammen as de 'gekke' maarthazze yn de peartiid oan it begjin fan de maitiid. Kristlik Peaske wie oarspronklik it maitiidsfeest yn dizze kontreien. Peaske wurdt yn it Ingelsk nei dizze goadinne noch altyd 'Easter' neamd. De wurden Ōstarūn en Ēostron en harren moderne ekwivalinten Ostern en Eastern hawwe itselde komôf, en binne ôflaat fan it Proto-Germaanske wurd foar it easten. Al dizze foarmen geane werom op it Proto-Germaansk *austrōn-, dat sels nau besibbe is oan it Litouske wurd foar moarn, aušrà. Ut taalkundich eachpunt liket it maitiidsfeest neamd te wêzen nei it opkommen of weromkommen fan de sinne.
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ynstee fan in hazze is der in hoanne yn Beieren, in hin yn Tiroal, in foks yn Türingen en Westfalen en in koekút yn Hannover.
-
In hoanne, hin en piken, 1915
-
Hoanne mei piken, Noarwegen, sa. 1909-1911
-
Peaskekoekjes út Skandinavië, 2010
- Oare fiktive figueren dy't mei feestdagen ferbûn binne, binne Sinteklaas en de fan him ôflate krystman.
- Yn Austraalje wurdt sûnt 1968 in lange-eare-bandit promovearre as de Easter-lange-eare-budeldas (Easter Bilby) promoate, om't de net lânseigen kninen grutte skea oanrjochtsje oan lânseigen wyld.
- Yn de Betuwe wurdt wolris oan bern ferteld dat de peaskehazze yn de hjerst mei de koer op de rêch hazzenuten ploaitsjen giet.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Peaskehazze fan Wikimedia Commons. |