Springe nei ynhâld

Grôt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Peareltsjegrôt)
Pearelgrôt

Grôt of groat is peld koarn. Pearelgrôt is rûn slipe grôt. It wurdt benammen brûkt as basis foar groattenbrij en yn peareltsjebrij. De grôt moat 12 oere weakke wurde en moat dêrnei ûngefear in oere sean wurde. Oant begjin 20e iuw waard it yn Fryslân noch brûkt as mielbasis, mar yn dy funksje is it no hast ferfongen troch rys en pasta. Koarn waard eartiids mei pelmoles ta grôt peld.

Nettsjinsteande it yn ûnbrûk reitsjen fan grôt, drage ynwenners fan it Twintske doarp Rossum noch altiten de bynamme gortekeurne, dat grôtkerrels betsjut. En de ynwenners fan it Grinslanner doarp Garnwerd wurde no noch "Grôtfretters" neamd. Ynwenners fan it doarp Oosterend op Tessel wurde "Gortbuukers" neamd. Der bestiet tsjintwurdich en in krûdedrankje dat sa hjit, mar dat is fan resinte datum.