Pavia (stêd)
Pavia | ||
Bestjoer | ||
Lân | Itaalje | |
Regio | Lombardije | |
Provinsje | Pavia | |
Boargemaster | Massimo Depaoli | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 71.297 (2013) | |
Oerflak | 62 km² | |
Befolkingsticht. | 1150 / km² | |
Hichte | 77 m | |
Oar | ||
Tiidsône | CET UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
Gemeente Pavia |
Pavia is in stêd yn de Italjaanske regio Lombardije. It is de haadstêd fan de provinsje Pavia. Pavia leit yn de Poflakte, 25 kilometer besuden Milaan. De rivier Ticino streamt troch de stêd, in stikmannich kilometers foardat er in de Po útmûnet.
Yn de tiid fan it Romeinske Ryk hjitte de stêd, lykas als de rivier Ticinum. Doe't nei de delfal fan dat ryk ferskate Germaanske folken de kontreien ynfoelen waard de stêd fan strategysk belang. Under de namme Papia wie Pavia fan de 7e iuw ôf oan de haadstêd fan de Longobarden. De stêd krige yn de 14e iuw in universiteit. Yn dy perioade waard de dom ek boud.
Hjoeddedei is Pavia ien fan de yndustriële sintrums op de Poflakte, spesjalisearre yn ûnder mear fiedingsmiddelen, gemy en tekstyl. Yn de Enoteco regionale is in permaninte útstalling fan winen út Lombardije ynrjochte. Acht kilometer fan de stêd ôf leit it Certosa di Pavia, in bekend kartuzerkleaster mei in protte let-romaanske en goatyske keunstúterings.
Foto's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Tsjerke S. Maria del Carmine yn Pavia
-
Aula Magna fan de universiteit
-
Antike muorre yn Pavia
Berne yn Pavia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Girolamo Cardano (24 septimber 1501), wittenskipper
- Francesco Corbetta (1615–1681), gitaarfirtuoas, learaar en komponist
- Tranquillo Cremona (1837–1878), keunstskilder
- Claudia Muzio (1889–1936), operasjonger
- Carlo M. Cipolla (1922–2000), ekonomysk histoarikus
Stoarn yn Pavia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boëtius (480-526), skriuwer
- Durk fan Hollân (?-1197), biskop
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pavia fan Wikimedia Commons. |