Springe nei ynhâld

Paulus- en Petruskatedraal (Kazan)

Ut Wikipedy
Paulus- en Petruskatedraal

Петропавловский собор

Lokaasje
lân Ruslân
republyk Tatarstan
plak Kazan
adres Ul. Мûsi Dzjalilija, 21
koördinaten 55° 47' N 49° 06' E
Arsjitektuer
boujier 1723-1726
boustyl barok
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 161520330810006
Webside
tatmitropolia.ru
Kaart
Paulus- en Petruskatedraal (Kazan)
Paulus- en Petruskatedraal

De Petrus en Pauluskatedraal (Russysk: Петропавловский собор) is in russysk-otterdokse katedraal yn 'e Russyske stêd Kazan.

De tsjerke waard op kosten fan 'e rike eigner fan in lekkenfabryk, Ivan Afanasievitsj Michljaev, boud. Tsaar Peter I besocht by syn fjildtocht tsjin Perzje foar de tredde kear Kazan en útfanhuze doe yn it stiennen hûs fan 'e keapman, dat njonken de âlde houten katedraal stie. Ta neitins dêr oan joech de keapman yn 1723 opdracht om de houten Petrus- en Paulustsjerke ôf te brekken en in nije stiennen katedraal te bouwen yn 'e styl fan de saneamde Narysjkin-barok.

De rike dekoraasjes fan de Petrus- en Pauluskatedraal

De gong fan 'e bou siet der goed yn en al yn 1726 koe de tsjerke ynwijd wurde. Yn itselde jier waard ek de frijsteande klokketoer foltôge. Under de toer waard in grêfkelder foar de famylje Michljaev oanlein, dêr't yn 1728 de keapman sels yn begroeven waard.

De katedraal oerlibbe in grut tal brannen (1742, 1749, 1774, 1815 en 1842) mar waard jimmeroan wer restaurearre.

Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw rekke de katedraal brekfallich en ek de toer begûn te fersakjen. Under lieding fan 'e arsjitekt Michael Nilovitsj Litvinov moast dêrom yn 'e jierren 1888-1890 in grutte restauraasje útfierd wurde. Dêrby waard de katedraal safolle mooglik yn 'e oarspronklike steat werombrocht. Mei help fan âlde tekenings waarden lettere feroarings ferwidere en net mear besteande eleminten wer oanfolle.

De katedraal bleau yn 'e Sovjet-tiid noch iepen oant 1939. Nei it sluten foar de earetsjinst bleau de tsjerke in monumint, dy't beskerming fan 'e oerheid hie. Sûnt de jierren 1950 wie der in planetarium yn 'e katedraal ûnderbrocht.

Yn 1989 waard de ferfallen katedraal nei mienskiplike aksjes fan 'e otterdokse mienskip en de Kazaner intelligintia, fral ek troch de haadredakteur fan 'e meast ynfloedrike stedskrante fan Kazan, oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn. Mear as in heale iuw hie de katedraal sletten west foar de earetsjinst, mar de sân ferdjippings hege ikonostaze út 1723-1726 (nei de brân fan 1815 restaurearre) is al dy tiid bewarre bleaun. De katedraal waard nei de weromjefte restaurearre en yn 'e âlde gloarje werom brocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Петропавловский собор (Казань)