Paulus- en Petruskatedraal (Kazan)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Paulus- en Petruskatedraal
Собор Петропавловский Казань.JPG
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
autonome republyk Flag of Tatarstan.svg Tatarstan
plak Flag of Kazan.svg Kazan
adres Ul. Мûsi Dzjalilija, 21
bysûnderheden
type bouwurk katedraal
boujier 1723-1726
boustyl Barok
oerbrêget ûnbekend

De Petrus en Pauluskatedraal (Russysk: Петропавловский собор) is in russysk-otterdokse katedraal yn de russyske stêd Kazan.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard boud op kosten fan de rike eigner fan in lekkenfabryk, Ivan Afanasievitsj Michljaev. Tsaar Peter I die by syn fjildtocht tsjin Perzje foar de tredde kear Kazan oan en útfanhuze doe yn it stiennen hûs fan de keapman, dat njonken de âlde houten katedraal stie. Ta neitins dêr oan joech de keapman yn 1723 opdracht om de houten Petrus- en Paulustsjerke ôf te brekken en in nije stiennen katedraal te bouwen yn de styl fan de saneamde Narysjkin-barok.

De rike dekoraasjes fan de Petrus- en Pauluskatedraal

De gong fan de bou siet der goed yn en al yn 1726 koe de tsjerke ynwijd wurde. Yn itselde jier waard ek de frijsteande klokketoer foltôge. Under de toer waard in grêfkelder foar de famylje Michljaev oanlein, dêr't yn 1728 de keapman sels yn begroeven waard.

De katedraal oerlibbe in grut tal brannen (1742, 1749, 1774, 1815 en 1842) mar waard jimmeroan wer restaurearre.

Tsjin it ein fan de 19e iuw rekke de katedraal brekfallich en ek de toer begûn te fersakjen. Under lieding fan de arsjitekt Michael Nilovitsj Litvinov moast dêrom yn de jierren 1888-1890 in grutte restauraasje útfierd wurde. Dêrby waard de katedraal safolle mooglik yn de oarspronklike steat werombrocht. Mei help fan âlde tekenings waarden lettere feroarings ferwidere en net mear besteande eleminten wer oanfolle.

Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal bleau yn de Sovjet-tiid noch iepen oant 1939. Nei it sluten foar de earetsjinst bleau de tsjerke in monumint dy't beskerming fan de oerheid hie. Fanôf de jierren 1950 wie der in planetarium yn de katedraal ûnderbrocht.

Weriepening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1989 waard de ferfallen katedraal nei mienskiplike aksjes fan de otterdokse mienskip en de Kazaner intelligintia, fral ek troch de haadredakteur fan de meast ynfloedrike stedskrante fan Kazan, oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn. Mear dan in heale iuw hie de katedraal sletten west foar de earetsjinst, mar de sân ferdjippings hege ikonostaze út 1723-1726 (nei de brân fan 1815 restaurearre) is al dy tiid bewarre bleaun. De katedraal waard nei de weromjefte restaurearre en yn âlde gloarje werom brocht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Петропавловский собор (Казань)