Paul Reubens

Ut Wikipedy
Paul Reubens
akteur
Reubens, 17 maart 2016
Reubens, 17 maart 2016
persoanlike bysûnderheden
echte namme Paul Rubenfeld
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 augustus 1952
berteplak Peekskill
stoarn 30 july 2023
stjerplak Los Angeles
jierren aktyf 1978-2023
offisjele webside
(in) Webside Paul Reubens
Paul Reubens yn de IMDb


Paul Reubens (berne as: Paul Rubenfeld; Peekskill, 27 augustus 1952 - Los Angeles, 30 july 2023) wie in Amerikaansk akteur, dy't it bekendst wurden is my syn personaazje Pee-wee Herman.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reubens waard berne yn Peekskill, New York, en groeide op yn in Joadske húshâlding yn Sarasota, Floarida, dêr 't syn âlden, Judy (Rosen) en Milton Rubenfeld, in lampewinkel hiene. Syn mem wie learares. Syn heit wie in autoferkeaper dy 't yn de Twadde Wrâldoarloch foar de Royal Air Force fan Grut-Brittannië en foar de U.S. Army Air Forces flein hie en letter ien fan de oprjochtende piloaten wie dy't de Israelyske loftmacht oprjochte yn de Arabysk-Israelyske oarloch fan 1948. As ortodokse Joad wie er ien fan de fiif Joadske piloaten dy 't mei smokkele gefjochtsfleantugen tsjin de Arabyske striidkrêften fleagen.

Reubens begûn syn karriêre yn it ymprovisaasjeteäter en trede yn de jierren 70 meardere kearen op yn it humoristyske telefyzjespultsje The Gong Show fan Chuck Barris

Reubens as syn alter ego Pee-wee Herman (1988)

Reubens syn prominintste rol wie dy fan syn alter ego Pee-wee Herman, dy 't er begjin jierren 80 betocht hie. Pee-wee Herman wie in fleurige folwoeksen, mar bernlike man dy 't it middelpunt foarme fan ferskate films, teätershows en in telefyzjesearje foar bern. It personaazje droech meastal in te strak griis pak, wite dikke ynstappers en reade flinterstrik. Foaral de film " Pee-wee’s big adventure " betsjutte sawol foar Reubens en regisseur Tim Burton de grutte trochbraak. Nei 1991 spile er de fleurige ûnskuldige Pee-wee Herman yn jierren net mear, fanwegen it negative media-omtinken by Reubens syn arrestaasje yn in pornobioskoop. Letter rekke er nochris op in kweanamme by sedesaken.

Reubens waard nominearre foar in Primetime Emmy Award yn sawol 1989 (foar de art direction fan de telefyzjespecial Christmas at Pee-wee's Playhouse), 1995 (foar syn gastrol as Andrew J. Lansing III yn de komedysearje Murphy Brown) as 2011 (as meiprodusint fan de komeedzjeshow The Pee-wee Herman Show on Broadway). Hy wûn echt yn sawol 1988 as 1991 in Daytime Emmy Award, allebeide foar Pee-wee's Playhouse. Reubens krige yn 1988 in stjer op de Hollywood Walk of Fame.

Reubens ferstoar op 30 july 2023 yn it Cedars-Sinai Medical Center yn Los Angeles oan de gefolgen fan kanker, in sykte dêr 't er al seis jier mei oanhelle wie.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

*Sûnder 10+ telefyzjefilms

Telefyzjerigen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

*Eksklusyf optredens foar ien kear

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: