Springe nei ynhâld

Paul Grijpma

Ut Wikipedy
Paul Grijpma
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Paul Grijpma (1983)
Paul Grijpma (1983)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Paulus Antonius Theodorus Maria Grijpma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 15 juny 1948
berteplak Ynskedee
stoarn 19 septimber
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as Sjoernalist,
Akteur
medium Telefyzje
wurksum by NOS,
ARD,
BVN

Paulus Antonius Theodorus Maria (Paul) Grijpma (Ynskedee, 15 juny 1948 - Amsterdam, 19 septimber 2022) wie in Nederlânsk sjoernalist en akteur.

Grijpma woe as jonge akteur wurde, mar omdat syn heit dat in te ûnwis bestean fûn folge Grijpma in oplieding by it Ynstitút foar de Autohannel. Fia in autotechnysk parseburo kaam er yn de sjoernalistyk telâne. Fan begjin jierren santich ôf wie er ferslachjouwer by ûnder oaren it ANP, Het Parool en it Elsevier. By Het Parool naam er de Suriname-portefúlje oer fan Karel Bagijn dy't by it Algemeen Dagblad wurkjen gie. Grijpma wie ien fan de earste Nederlânske sjoernalisten dy't Suriname nei de Sergeantencoup besocht. Fan 1 novimber 1989 ôf wie Grijpma tolve jier lang ferslachjouwer foar it NOS Journaal. Dêrnei waard er mediatrainer. As akteur wie er autodidakt. Fia syn partner, de aktrise Eva van Heijningen, kaam er yn oanrekking mei it teater en spile er tal fan rollen yn Dútslân. Grijpma wie yn Dútslân fierder ûnder oare ek wurksum by de ARD. Hy wie fan 2005 oant 2007 einredakteur by BVN.

Paul Grijpma ferstoar op 19 septimber 2022 yn 'e âldens fan 74 jier oan de gefolgen fan in hertynfarkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: