Paul-Charles Chocarne-Moreau
Paul-Charles Chocarne-Moreau | ||
keunstner | ||
Paul-Charles Chocarne-Moreau yn 1902 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 31 oktober 1855 | |
stoarn | 5 maaie 1930 | |
wurkpaad | ||
prizen | Légion d'honneur | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Paul Chocarne-Moreau, berne as Paul Charles Chocarne (Dijon, 31 oktober 1855 - Neuilly-sur-Seine, 5 maaie 1930, wie in Frânske keunstskilder.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Paul Chocarne waard berne yn Dijon op 31 oktober 1855 yn in keunstnersfamylje. Syn heit wie skilderlearaar en hy wie de neef fan paters Bernard Chocarne en Victor Chocarne, lykas ek de neef fan de byldhouwers Mathurin, Hyppolyte en Auguste Moreau. Paul Chocarne gie nei de École des Beaux-Arts yn Parys, dêr't er efterinoar de learling wie fan Tony Robert-Fleury en William Bouguereau [1]. Hy begûn op de Salon fan Frânske keunstners yn 1882 en eksposearre dêr fan dat jier ôf geregeld ûnder de namme Paul Chocarne-Moreau. Yn 1906 waard er beneamd ta Ridder fan it Legioen fan Eare. [2].
Chocarne-Moreau wie spesjalisearre yn sjenreskilderkeunst. De haadrolspilers yn syn keunstwurken binne oer it algemien grappige jonges út de arbeidersklasse: jonge learling-banketbakkers, skoarstienreagers, alterjonges en skoalbern. As tsjûge fan syn tiid skildere er wurkjen as Sur la barricade ('Op de barrikade) dy't er útstalde op de Salon fan 1909. Hy kin as in foarrinner fan de Amerikaanske skilder Norman Rockwell [1] beskôge wurde.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Dijon, Musée des Beaux-Arts: Le Pâtissier et le ramoneur ('De banketbakker en de skoarstienreager"), oaljeferve op doek.
- Plak net witten:
- Une vielle farce, illustration de la couverture du Figaro illustré [3].
- Chacun son tour, salon fan 1899. Bernesêne mei in ferklaaide dronken man en Pierrot.
- Mi-Carême, salon fan 1907.
-
Le Petit Journal - It krantsje
-
Les Bons Amis - Goede freonen
-
L'Occasion fait le larron - De gelegenheid makket de dief
-
Le Voleur rusé - De slûchslimme dief
-
La Surprise - De ferrassing
-
Utsjen op de Seine
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paul-Charles Chocarne-Moreau fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|