Parlefinker
In parlefinker is in ûndernimmer dy't mei de boot syn negoasje, meastal iten en drinken, ferkeapet. De namme parlefinker of zoetelaar waard op de rivier brûkt, yn havens waard praat fan kadraaie of kaaidraaier.
Parlefinkers wienen op de grutte rivieren, op de (Fryske) marren en yn havens yn Nederlân te finen. Yn Fryslân smiet it simmerdeis in protte op fanwege de toeristen.
It berop is praktysk útstoarn. De lêste Nederlânske parlefinker - Wim van Hooren út Belfeld, dy't 44 jier mei syn heite skip Time is money op de Maas farre, hâlde dêrmei op yn 2008. It havenmuseum Rotterdam krige syn boat yn brûklien yn april 2008.[1]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|