Pano Lefkara
Pano Lefkara Πάνω Λεύκαρα | ||
Bestjoer | ||
Lân | Syprus | |
Distrikt | Larnaka | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 868 (2021) | |
Oerflak | 62.17 km² | |
Hichte | 575 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +2 | |
Simmertiid | UTC +3 | |
Koördinaten | 34° 52' N 33° 18' E | |
Offisjele webside | ||
www.lefkara.org.cy/el | ||
Kaart | ||
Pano Lefkara (Gryksk: Πάνω Λεύκαρα, yn 'e regel allinne Lefkara) is in berchdoarp yn it Syprioatyske distrikt Larnaka. Sûnt 2004 is it doarp oansletten by it Charter of European rural Communities, in groep plattelânsmienskippen út alle 28 EU- lannen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak leit likernôch 35 km besuden de haadstêd Nikosia en 29 km west fan Larnaka yn 'e súdeastlike útrinners fan it Troodosberchtme op in hichte fan maksimaal 600 meter. Plakken yn 'e buert binne it leger lizzende Kato Lefkara, Kato Drys, Vavla en Vavatsinia.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak stiet bekend om syn sulverhânwurk, dat nei alle gedachten al sûnt de Fenesiaanske tiid beoefene wurdt. Toeristen kinne in besite bringe by ferskillende sulversmitten en in streekmuseum.
Fierder is it doarp bekend fanwegen syn syn hânwurkbedriuwen. It hânwurk stiet bekend as Lefkaritiko. Dy tradysje giet werom op 'e jierren 1191-1571, doe't Fenesiaanske froulju harren mei breidzjen en bordueren fermakken en ek de ynhiemske tsjinstfammen dêryn les joegen. Leonardo da Vinci soe it plak besocht hawwe op in reis nei Syprus en dêrfan in tafelkleed kocht ha, dat er letter skonk oan 'e dom fan Milaan. De Lefkaritiko waard yn 2009 tafoege oan 'e UNESCO-list fan ymmaterieel kultureel erfgoed.
It doarp hat in grutte Hillich-Krústsjerke (Timiou Stavrou) út de 13e iuw. Ieu. Yn de tsjerke binne fresko's út 1760. In houten, fersulverde krús wurdt yn 'e krypt bewarre en sein wurdt dat it in stik fan it echte krús fan Jezus befettet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|