Springe nei ynhâld

Panagia Chorteni

Ut Wikipedy
Panagia Chorteni
Lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
plak Pelathousa
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 15e iuw
boustyl Byzatynske arsjitektuer mei goatyske ynfloed.
Kaart
Panagia Chorteni (Syprus)
Panagia Chorteni

De Panagia Chorteni (Gryksk: Παναγία Χόρτενη) is in tsjerkegebou fan 'e Tsjerke fan Syprus op likernôch 1,5 km noard fan it Sypryske doarp Pelathousa (distrikt Pafos). De tsjerke stiet frij fan fierdere bebouwing op in heuveleftige flakte boppe de Middellânske See. De tichtst bylizzende stêd is Polis Chrysochous.

De 9 by 4,3 m grutte tsjerke waard yn 'e 14e of 15e iuw boud as tsjerke foar it sûnt de Osmaanske oermastering fan it eilân ferlitten doarp Chortainis. Alhoewol't de tsjerke nei alle gedachten net foar de Latynske ritus boud waard, toant de tsjerke wol de foar Syprus typyske Frankyske bouynfloeden op 'e Byzantynske tsjerkearsjitektuer, lykas in goatysk portaal mei spitsbôgen en in goatysk tonferwulft yn 'e tsjerke. Oarspronklik stie oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke in sydkapel mei in healrûne apsis, wêrfan't allinne de fûneminten bewarre bleaun binne.

Koepelfresko's.

Tusken 1958 en 1974 besochten Turksk-Suprioaten út de omkriten de tsjerke te fernielen. Hja brieken dielen fan 'e muorren ôf en fernielden doe ek in soad fresko's. Fan 'e oarspronklike beskildering binne in pear resten fan fresko's bewarre bleaun. Dêrûnder dielen fan in foarstelling fan Kristus as Pantokrator mei ingels yn 'e koepel. Fierder binne der ûnder de koepelfinsters foarstellings fan profeten bewarre bleaun. Yn 'e westlike bline nis is boppedat in diel fan 'e Himelfeart fan Marije te sjen. Fan 'e rest fan 'e fragminten is net mear te sjen fan hokker foarstelling se diel útmakken. De measte fresko's binne troch in dikke reeklaach dreech te datearjen. De fresko's fan 'e profeten ha minder lêst fan 'e reek hân en dy kinne frij wis op 'e ein fan 'e 15e iuw datearre wurde. Yn 'e tsjerke stiet in tige ienfâldige ikonostaze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: