Springe nei ynhâld

Panagia Apsinthiotissakleaster (Sichari)

Ut Wikipedy
Panagia Apsinthiotissakleaster
Παναγία Αψινθιώτισσα
Lokaasje
lân de jure Syprus
de fakto: Noard-Syprus
distrikt de jure: Kyrenia
de facto Girne
plak noardeast fan Sichari
koördinaten 35° 17' N 33° 23' E
Kleastergegevens
denominaasje Tsjerke fan Syprus
oprjochting 11e iuw
opheffing 18e iuw
patroanhillige Marije
Ynformaasje bou
hjoeddeiske funksje kleaster stiet leech
boujier âldste dielen 11e iuw.
Kaart
Panagia Apsinthiotissakleaster (Syprus)
Panagia Apsinthiotissakleaster

It Panagia Apsinthiotissakleaster is in leechsteand kleaster noardeast fan Sichari, 15 km noard fan Nikosia op it eilân Syprus. It kleaster stiet oan 'e foet fan it Kyreniaberchtme yn 'e ynternasjonaal net erkende Turkske Republyk fan Noard-Syprus.

Oer de stifting fan it kleaster bestiet gjin skriftlike ynformaasje. Mooglik waard it kleaster tsjin de ein fan 'e 11e iuw stifte, doe't in soad kleasters op Syprus stifte binne. Neffens de tradysje tanket it kleaster de namme oan 'e alsemstrûk (A. absinthium), dy't de tagong fan in grot ferstoppe dêr't in muont yn 'e tiid fan it ikonoklasme in ikoan ferskûle om dy te rêden fan 'e lilkens fan 'e byldestoarmers. Letter seagen bewenners út de omkriten in frjemd ljocht op dit diel fan 'e berch skinen en sa fûnen de minsken de ikoan en bouden wat fierderop in kleaster ta eare fan 'e Mem Gods.

Ynterieur.

Bekend is dat de abt fan it it kleaster yn 1223 tegearre mei de biskop Soleas Leontios nei Niséa gyng, yn dy tiid de haadstêd fan it Byzantynske Ryk, om stipe foar de Otterdokse Tsjerke te freegjen yn 'e striid tsjin de ûnderdrukking fan 'e katolike hearskers. Oan 'e ein fan 'e 15e iuw en de earste helte fan 'e 16e iuw hie it kleaster in soad besit. Boustronios (1456-1489) skreau dat de keninginne fan Syprus yn 1486 tsjinsten yn it kleaster bywenne, itjinge betsjut dat de Panagia Apsinthiotissa doe ûnder de Roomske Tsjerke foel.

It ferfal fan it kleaster sette yn nei't de Turken Syprus oermasteren. Yn dy tiid ferlear it kleaster syn selsstannigens en waard it as besit fan 'e patriarch fan Jeruzalim in ûnderdiel fan it Agios Chrysostomoskleaster yn Koutsoventis. Yn 'e 18e iuw waard it kleaster ûntbûn en ferfoelen de gebouwen stadichoan. Yn 1735 wist de Russyske muonts Vasili Barski dat it kleaster foar de helte yn pún lei en de tsjerke tige brekfallich wie, mar de koepel wie doe noch yntakt. Yn 1918 waard it kleaster troch George H. Everett Jeffery as ruïneus beskreaun en de boppedielen fan 'e kleastertsjerke wie doe ynstoart.

Yn 'e jierren 1960 waard it kleaster restaurearre. De dielen fan it ferwulft fan 'e narteks en it westlike portaal waarden rekonstruearre (ek al wie it net bekend hoe't dat dy der eartiids útsjoen ha). By dat wurk waarden ek in tal 12e-iuwske fresko's wer bleatlein. It kleaster bestiet út in grutte tsjerke, in refektoarium en de gebouwen foar de muontsen.

Nei de Turkske ynvaazje yn 1974 waard de tsjerke ûntwijd en plondere. Praktysk alle fresko's binne doe ferdwûn en hjoed-de-dei binne der allinne fragminten bewarre bleaun. Guon fresko's binne neitiid yn in grutte samling rôfkeunst fan 'e keunsthanneler Aydın Dikmen (1937–2020) yn München werom fûn. De tsjerke waard foar in hiel skoft as in skieppehok brûkt.[1]

Yn 2003 waard it kompleks troch Turkske en Grykske arsjitekten dokumintearre as ûnderdiel fan in projekt om gebouwen te ynvintarisearjen en te dokumintearjen mei as doel it behâld en de beskerming fan religieuze gebouwen op Noard-Syprus dy't nei 1974 leech kamen te stean.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Religious Monuments in Turkish-occupied Cyprus, ISBN 978.9963-654-67-3.