Springe nei ynhâld

Kyreniaberchtme

Ut Wikipedy
Kyreniaberchtme
  berchtme
geografy
lân de jure: Syprus
de fakto: Noard-Syprus
sifers
lingte 160 km
heechste punt Kyparissovouno
hichte 1.024 m
geology
stiensoarte kalkstien, wat moarmer
kaart
Kyreniaberchtme (Syprus)
Kyreniaberchtme

It Kyreniaberchtme (Gryksk: Βουνά της Κερύνειας, Vouná tis Kerýneias; Turksk: Girne Dağları) is in berchtme op it eilân Syprus. It berchtme leit yn it noarden fan Syprus yn 'e ynternasjonaal net erkende Turkske Republyk fan Noard-Syprus. De namme is ôflaat fan 'e stêd Kyrenia, dy't yn it Turkske diel hjoed-de-dei Girne neamd wurdt. It Kyreniaberchtme wurdt ek wol oantsjut mei Pentadaktylos of it Fiiffingerberchtme, wat eins de namme is foar in berch mei in kaam yn 'e foarm fan fiif fingers yn it gebied.

It berchtme bestiet út kalkstien en wat moarmer en rint noardlik rillegau ôf nei de Middellânske See. It is opboud út sediminten dy't tusken it Perm en it Midden-Mioseen ôfset binne en troch it botsen fan 'e Afrikaanske Plaat en de Euraziatyske Plaat omheech treaun binne. De heechste berch fan it Kyreniaberchtme is de Kyparissovouno (Turksk: Selvili Tepe) mei in hichte fan 1.024 m.

It Kyreniaberchtme rint fan Kaap Kormakitis yn it west nei it skiereilân Karpasia yn it easten.

Noard-Syprioatyske flagge.

Op 'e súdlike helling fan it Kyreniaberchtme is noard fan Nikosia in ûnbidich grutte flagge fan 'e Turkske Republyk Noard Syprus skildere, dy't nachts ferljochte wurdt. It gebiet fan 'e flagge is 425 m breed en 250 m heech, sadat de flagge fan Gryksk-Syprioatyske kant goed te sjen is. Om't de flagge miljeuskea, lânskipsfersmoarging en it fergriemen fan elektrisiteit feroarsaakje soe, late dat dêrfandinne yn 2009 ta fragen yn it Europeeske Parlemint.

De steile hellingen fan it berchtme en it romme sicht soargen yn 'e Byzantynske en Frankyske tiid foar in gaadlik plak foar de bou fan ferskillende kastielen en kleasters. Foarbylden binne it kastiel Sint-Hilarion, it kastiel Buffavento en it kastiel Kantara en de premonstratinzerske abdij fan Bellapais.

Fiiffingerberch.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kyreniaberchtme fan Wikimedia Commons.