Springe nei ynhâld

Paleolitikum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Paleolitysk)
Trijeperioadesysteem
Holo-
seen
Histoaryske Tiid
La Tène-tiidrek   Proto-
histoarje
Hallstatt-tiidrek
Izertiid
  Let  
Midden
Ier
Brûnstiid
Neolitikum Kopertiid  
Let Pre-
histoarje
Midden
Ier
Mesoli- tikum of
Epipaleo-
litikum
Let
Midden
Ier
Pleis-
toseen
Paleo- litikum Let
Midden
Ier
Stientiid

It Paleolitikum of de âlde stientiid (fan it âldgryksk: paleo = âld, lithos = stien) is it tiidrek fan it ûntstean en de evolúsje fan de earste minskeftigen en har materiele kultuer. Dizze perioade begjint mei it ûntstean fan de Homo habilis, sa'n twa en in heal miljoen jier lyn en einiget mei it begjin fan it mesolitikum, achttûzen jier lyn.

Periodisearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op grûn fan it archeologyske materiaal wurdt it paleolitikum yn trije subtiidrekken ûnderferparte :

Ald-paleolitikum: perioade fan 2,5 miljoen jier oant 300.000 jier lyn. Dizze perioade wurdt karakterisearre troch it gebrûk fan kearnark: choppers, chopping tools, wapens lykas speren, swurden en fûstbilen.

Midden-paleolitikum: perioade fan 300.000 jier oant 35.000 jier lyn. Perioade wêryn gebrûk makke wurdt fan debitaazjetechniken: wat ynhâldt dat stienôfslaggen produsearre wurde, wat barre koe neffens ferskate systemen: Levallois of Diskoïdaal.

Jong-paleolitikum: perioade fan 35.000 jier oant 10.000 jier lyn. Yn dit tiidrek wurde klingtechniken produsearre.